contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (32)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Yn it moaie petear mei Tamme Velstra fertelde de natoerman dat syn heit ea yn Raerd keatste en dat it bestjoer doe by syn heit kaam om te freegjen net te folle ballen fuort te slaan want de keatsferiening hie net sa folle ballen…dat wie nei’t Tamme frege waard wêr’t hy syn talint wei hie. ‘Ik wie in natoertalint’ sa sei de kening fan 1968. Tamme wie in natoertalint  dat wol wat stjoer nedich hie. Miskien wie de moaie útspraak nei syn keatslibben wol fan Tamme, ‘Doe’t ik slaan koe, koe ik net keatse, doe’t ik keatse koe, koe ik net mear slaan.’
 
Yn dy tiid fan stikkene skouders in sportwiisheid dy’t foar mear keatsers opgie, der wiene guon dy’t nea stikken koene, mar de measten koenen wol stikken. Piet Jetze Faber fertelde lêsten oer dy finale fan de PC fan 1978. Sake Saakstra en hy tegearre yn it perk mei Durk Talsma as balkearder. Piet Jetze achteryn en hast mei de hakken op de kwea wachtsje oant de wolken efkes foar de sinne krûpe woenen. De ballen fan Sjouke de Boer heech en in hiel skoft ûnderweis ear’t sy deldonderden, ‘En dan slaan, minder is der net’, sa sei hy.
 
‘Do moast dy meter ha, oars wurdt it ‘kogelstoten’, sa sei Piet. Master Peet Greydanus fan Stiens hie him leard dy meter achter de kwealine te pakken en neffens de regels mei dat net. ‘Mar iderien sjocht omheech, dus gjinien sjocht wêr’st stietst’ en gelyk hie hy want Piet waard nea betrape. En wichtiger noch, gie nea stikken. Ek al fansels om’t hy foaryn stie en dy snelle ballen allinnich mar hoechde te kearen, mear wie it net, sa sei hy.
 
Taktyk by it keatsen kin in soad foarmen oannimme mar de nijste foarm is nea earder yn it keatsen fertoand. Je kinne it ‘schakelkaatsen’ neame en dat betsjut dat der tidens in partij hiel faak skeakele wurdt. De stân op de telegraaf is lieding jouwend en yn Minnertsgea waard de kroan op dy taktyk setten, perfekt yn de útfiering. Keatse en slaan ferienige, en de seis oan de telegraaf is it sein om te skeakeljen. Mei sa’n taktyk ha je fansels in útsûnderlike killer nedich en dy binne der net in soad. Allinne Tjisse Steenstra dus en dêr rint der mar ien fan rûn.
 
As it slagget sa as yn Minnertsgea, dan is it prachtich. Mar it hat ek in hiel grut neidiel, en dat is op mentaal gebied. Dy tredde maat makket eins it ferskil tusken winnen en ferliezen út want hy moat de mentale klappen opfange. Want hy moat him mei in geweldige palmares mei beton wapenje om it sterkst te wêzen, om elke kear mar in stapke werom te dwaan of dwaan te wollen. It slaan (fan geweldige sitballen) en it keatsen (fan in stapke tebek) spylje sa in toanielstik yn ‘e holle fan de fjoerfretter en  de keunst is om dat toanielstik yn ‘e holle goed ôfrinne te litten sadat je mei syn trijen foar de tinte komme.  
 

Tamme Velstra in gesprek met KNKB TV

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers