contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (30)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

‘Ik mut niet su feul hewwe van die kleuren van DKV’, sa sei in echte Cambuurman yn Boalsert dy’t it skaad fan de tinte opsocht mar dêrtroch wol it sicht hie op de njoggen ûnderbroeken of shorts dy’t oan dy tinte hongen. Hy wie fergetten dat de ûnderbroeken, pardon shorts, yn de kleuren fan de Fryske flage mear is as de klubkleuren fan allinne de bewenners fan it Abe Lenstrastadion. Mar Clara Houtsma, it warbere bestjoerslid fan KV Bolsward, lei mar al te graach even út dat it ek de kleuren fan de keatsklub fan Boalsert binne.
 
Jou it net graach ta, mar shorts klinkt better, ûnderbroeken is in namme dy’t te folle tinken docht oan dy wite tintedoeken dy’t mannen yn oare tiden droegen en winterdeis ek noch fan dy lange dingen. As je soks sjogge dan fleant eltse foarm fan erotyk troch de achterdoar. De warbere frou op de foto hie it allegearre sels betocht. In short mei twa baltsjes derfoar, de symboalyk lit him fansels riede.
 
Yn dy baltsjes sieten de jildprizen, net der yn propt, mar keunstich op in origami wize wienen der lytse stjerkes fan makke. Ek hiel tapaslik, de stjerren fan it keatsen mei ‘ballen yn de broek’ krije úteinlik de krânse omhongen. No wurdt it fansels nei fiif kear winst op in rige wolris tiid dat der ek in kear op ‘e ein fan de dei oare hollen troch  it gat fan dy ek al moaie krânsen stekke. Kânsen genôch want de winners, ‘Je kanne wel sien dat se un andere coach hewwe’, sa sei de selde Cambuurman net alhiel ûnpartijdich, ha op sa’n dei ek mindere mominten, mar dan moatte je wol witte wêr’t je wêze moatte mei de seis oan de telegraaf. Dus wat dat oanbelanget wie it in moaie priis mei in moai ferhaal as ‘moraal’.
 
Mar sa moai as it ‘verhaal van de schaal’ wurdt it fansels net. Marty Slager is in sneuper dy’t as ‘ôfwiking’ hat dat hy altiten siket nei ‘hebbedingetjes’ dy’t op de ien of oare wize mei it keatsen te krijen hat. Sa kaam hy op Marktplaats in moaie skaal tsjin   mei de tekst ‘Jubileum Bondswedstrijd 1947’, it keninklike jier dus dat de NKB feroare yn KNKB. Op syn Bilts: ‘Voor die  schaal werd honderd euro gevraagd, dus ik vijftig bieden.’  De ferkeaper wie in samler fan Makkumer ierdewurk mar woe dizze skaal eins allinne kwyt oan in keatsleafhawwer.
 
Mar Marty soe Marty net wêze as hy net de Sherlock Holmesklean oanluts om út te finen fan wa’t dy skaal wêze kin. In twadde priis op de Bond fan 1947, dat wienen Ritske van der Meer, Arp Hiemstra en Sip van der Zee. In twaddeklas partoer dy’t der om keatse moast om nei de Bond ta. De broer fan Sip, Dicky van der Zee wist it noch, hy mocht doe  blokjerinner wêze. ‘LKC hie fjouwer partoer foar de ôfdieling en dy moasten der om keatse. Trije earste klas partoeren mei ûnder oaren Jan Rodenhuis en Appie Veldkamp. En doe wûn it twadde klas partoer want dy Ritske van der Meer koe ien kear yn it jier geweldich opslaan en die dat krekt doe.’
 
Marty hie twa nammen troch skrast en belle doe Teunie Piersma-Van der Zee. It die bliken dat der sa’n tritich jier lyn ynbrutsen wie yn huize Sip van der Zee en doe wienen der ferskate keatsprizen meinommen. Teunie wist noch dat mem Saapke van der Leij der in soad fertriet fan hân hat om’t it oantinkens wienen oan har man Sip van der Zee, dy’t op 3 maaie 1982 ferstoar, noch gjin sechstich jier.  En no is de priis wer thús, mar ek wer net hielendal want mem Saapke van der Leij ferstoar op 9 desimber 2017, 90 jier âld, en mocht it thús kommen fan de skaal dus net mear meimeitsje.
 
  
 

Balk30fot2Schaal47

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers