Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
As je fjouwer of seis wedstriden sjoen ha yn de achtste finales fan it WK, dan is ien ding wis: it keatsen moat as sport nea wat dwaan oan syn spulrigels. Dus net it boppeslaan ôfskaffe of allinne mei de stuit in bal boppeslaan en oare yn myn eagen ûnsinnige ‘ferbetteringen’. Nee dan folkssport nûmer ien, je binne better as je tsjinstanner en spylje dat baltsje fiifensechstich kear breed. Je binne lykas Spanje sa dom en geane hân yn hân mei dy tsjinstanner nei it Holland Casino fan de penalties. En dan hoege je net de bettere te wêzen om te winnen. Ien tafallige tean yn de baan fan de bal kin it ferskil meitsje.
It is lykas fiif earsten gelyk en seis gelyk, dan sitte je as bettere partoer ek foar de roulette mei in swart en read baltsje. Sa fier moatte je it fansels nea komme litte mar wa docht soks mei sin? It rint sa’t it rint en as je dan ‘vier op een rij’ ha lykas it Friesch Dagblad hjoed skreau oer it partoer Gert-Anne van der Bos dan komt der dochs wat mear sjen as in read of swart baltsje oan de roulettetafel. Dan ha je in stabile keatser yn je fermidden, of miskien wol trije keatsers dy’t behurdzje yn de spanning fan de partij. Boppedat ha je dan te meitsjen mei in sport wêryn spanning de boppetoan fiert.
En tafal fansels, want wa hie betinke kinnen dat dy sa aardige Laas Pieter van Straten mei in reade kaart fan it fjild ôf moast. Want syn mof hie net it stimpel fan ‘goedkeuring’ en dat waard yn Harns opmurken. Exit partoer foar de kommende wiken of Daniël Iseger moat de mof út it fet helje fansels. En dat is foar it keatsen tige spitich want Van Straten wie en is in keatser yn opkomst. ,,Doe’t ik de Freule wûn hie tocht ik dat ik boppe op in wolk libbe’’, sa sei hy yn Sint Anne.
Mar it hat twa jier duorre ear’t hy syn dochs grutte keatstalinten by de haadklasse sjen litte koe. Yn de rin fan it keatsjier 2017 koenen je sjen dat hy mei stevige stappen foarút gie. Wend oan de haadklasse, en dit jier keatse om de krânsen. Dan is it gedoe om sa’n mof wol tige spitich. En de keatswrâld wat kennende preket elts foar syn eigen parochy en dat betsjut dus dat de skuld fan soks oan in hiel soad oare minsken jûn wurdt as oan Van Straten.
Yn sa’n gefal moatte je altiten sykje nei it ljocht dat tusken de baltsjes breed skynt. Bygelyks moai dat de wantenkeuring no in kear yn Harns wie…. Want dêr is it fansels foar bedoeld, wanten keure by de haadklasse hearen en de haadklasse froulju. Mar it skynt dat de mannen ynseind binne en dus earst eins net yn Harns wienen. Dat is wer nuver want it is hjir al earder sein, der moat faker kontroleard wurde.
Der moat struktuer yn sitte, der moat in fêst patroan wêze dy’t der foar soarget dat alle keatsers mei it selde spul slaan. In tafallige tip fan no liket no noch te folle op dy tafallige tean fan de keeper fan Ruslân. En dat kin nea de bedoeling wêze, keatse oan de roulettetafel.