contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (28)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It is mar goed dat op Twitter of op Facebook yn fjouwer rigels ferteld wurde kin wa’t it wûn hat. It makket kranten en oare media hast oerstallich en dochs wolle minsken der graach mear oer lêze. Mar freegje net hoe’t it betiden op it taffeltsje komt fan de man dy’t der in ferhaal oer skriuwe moat. Nim it NK yn Eksmoarre foar froulju ôfrûne wykein. Op de foto kinne je in diel sjen fan hoe’t dat oanlevere wurdt. En sûnt dit wykein wurdt Jan Braaksma de earste winner fan de Jean-François Champollion Award. Fan wa? Ja fan de man dy’t yn 1822 it hiërogliefenskrift wist te ûntsiferjen. 
 
Yn Egypte sels neamden se it ‘Goddelijke Woorden’ mar de list fan Eksmoarre seach der dochs wat minder ‘goddelijk’ út en dan is it in wûnder dat der noch in fatsoenlik ferhaal op de site komt. Fansels wurde der fouten makke en is der altiten de ien of oar dy’t tusken twa slokken jittik troch nei oeren tellen der efter komt dat de sifers fan it tal kearen dat der wûn is net doge. Mar ja dat is de sykte fan it keatsen,  bliid wêze dat in oar him fersint.
 
Wat dat oanbelanget hie ik hope dat it berjocht dat Hylke Bruinsma nei de PC ophâlde sil in fersin wie, mar dat is dus net sa. Yn Holwert fleach der in bal op it middenfjild flak by him lâns foarby de keats en in Hylke yn gewoane dwaan hie him keare kinnen. No bleau it hanneljen yn de holle stykjen en mompele hy ‘Dy ferrekte rotpoat’.
 
In apart man Hylke, je moatte him lêze kinne om te sjen dat it allegearre net sa ‘bot’ bedoeld is as hy yn it fjild wer ris op it ferkearde momint in stikelige of ferkearde opmerking makket. In keatser mei dat ‘goddelike’ slachje dat mar in bytsje keatsers hawwe. Ien fan dy keatsers wie snein yn Berltsum, Henk Vlietstra dy’t yn syn lêste jierren ek hast net in stap mear sette koe fanwege dy knibbel fan him. Mar oh wee as hy him op hichte krige.
 
De fraach is fansels hoe komt it mei dy lêste PC fan Hylke. Net dat hy in twadde Alle Jan Anema is dy’t op syn lêste PC it dochs noch wûn. Nee Hylke hat him al yn 2013 wûn as achterynse by Renze Pieter Hiemstra. Hiemstra waard doe kening, mar sels ha’k altiten fûn dat Hylke kening wurden moatten hie. Hiemstra lei oant de heale finale op punten foar, Hylke helle him yn de lêste twa partijen yn, sa wie de eigen miening yn it Friesch Dagblad fan doe: ‘Je mag je dan ook afvragen wat een achterperkspeler zonder dubbelfunctie moet laten zien om in aanmerking te komen voor de koningstitel, want welbeschouwd was Hijlke Bruinsma met kop en schouders de beste kaatser van de dag. Zijn slagtechniek kwam gisteren gevaarlijk dicht in de buurt van de onomstreden beste slagtechniek van Taeke Triemstra.’
 
No, fiif jier letter, hat it ferhaal fan Hylke en PC in hiel oare betsjutting krige. Fansels sil hy by syn lêste ballen op de PC en de finale wurdt net helle efkes mei de blommen wuive nei de minsken dy’t fansels efkes omheech komme út de ‘kuipstoeltjes’ om him de eare te jaan dy’t him takomt. Fansels sille de triennen om de hoeke lizze, fansels sil hy gûle, mar net om syn eigen ôfskie op de PC. En by winst sil de ‘ongekroonde’ kening fan 2013 syn krânse jaan of opdrage oan de kening út syn eigen libben dy’t der net mear by is. 
 
 

KopijNK

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers