contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (24)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De dei moat noch begjinne en it earste wat je tinke is ‘shit ha my fersind’ as je werom tinke oan it ferslach oer de keatspartij yn Menaam. Gelokkich begjint de dei net mei it nûmer Monday, Monday, so good to me fan The Mamas and the Papas fan 1966. It wie tusken 2008 en 2018 gjin alve jier lyn dat Taeke Triemstra en Johan van der Meulen foar it lêst yn de frije formaasje mei elkoar keatsten, mar tsien jier. Dat je dêr dochs mei wekker wurde, seit wat oer de drokte fan deadlines dy’t in jûne earder as in swurd yn de rêch stúts.
 
Moat tinke oan Johannes Boersma yn it giele shirt fan Winsum dy’t in jier fan de fjirtich jier ôf is en nei ôfrin fan de ferlerne finale op de Bond sei  ‘Wy ha in moaie dei hân’ en soks hearre je faker fan keatsers dy’t mei de sticker ‘ferrassing fan de dei’ jûns op hûs oansette. Tefredenheid wint it fan ferlies as je de fjouwer krúskes yn it sicht krije. Juster wurdt grutter as moarn en dat is yn de keatserij de fijân fan hjoed.
 
Nim de Wâldman fan Bitgummole, moarns fan it bêd en dan efkes sjen hoe’t de wyn stiet. Snein hie hy him yn de hân en dat makke him gelokkich. Minsken dy’t oer it keatsen skriuwe wurde ek altiten wat blider as de, nee gjin ‘lytse’ want wy witte no sa stadichoan wol dat hy kwa lingte gjin Chris Wassenaar is, opslagger mei dy moaie knik yn de bal it wint. Hy hat altiten tekst, ek tidens de partij. Doe’t in goede Sjoerd de Jong op 5-1 in sitbal joech koe hy it net litte: ‘De preemjes binne op hear, even wat better lusterje’ en dat hie te krijen mei de ‘premies’ fan tritich euro dy’t der yn Menaam te fertsjinjen wienen.
 
‘Wy ha in moaie dei hân’ is net sa fanselssprekkend as minsken tinke. Dat wurdt ek net útmakke troch de priis fan de kofje dy’t yn Menaam neffens guon fierstente djoer wie. Der binne minsken dy’t oan de ein fan in keatsdei graach sizze woenen fan ‘wy ha in moaie dei hân’ mar dat net mear yn eigen hân ha.
 
Foar Taeke Triemstra leit dat wat oars, allinne in moaie dei ha is net genôch foar him, it moat wol de krâns om ‘e nekke wêze dy’t de dei moai makket. En betink dan wat de man, neffens Jan Braaksma, sûnt Menaam mei 160 earste prizen der foar dwaan moat om de dei moai te hâlden.
 
Betink ek dat oan de Hollewei yn Ternaard ien sneons en sneins stiet te stoarjen oer de grize bougrûn want nei it keatsen kin efkes net. Sjen nei de pleats wêr’t Gert-Anne van der Bos berne is dy’t no sels aansens heit wurdt of wurden is. It libben dy’t yn lytse golfkes alles ta ferline makket. Links sjocht de man Elba lizzen, in troch elkenien ferlitten plak dat syn bynamme fan de skiednis krigen hat. Elba wie ea it eilân wêr’t Napoleon foar straf hinne moast.
 
Fierderop yn de Dongeradielen sit ien elts wykein foar de radio en hâldt de útslaggen fan it keatsen by. Te siik om der sels by te wêzen, te grut leafhawwer om dan, nei alles wat sy al foar de keatssport dien hat, mar thús wat te dwaan foar de keatssport. En sa krijt de opmerking ‘wy ha in moaie dei hân’ in hiele oare lading. It is as in keats, foar de iene is der te lyts, foar de oar te grut. En dat is ôfhinklik fan hoe fier je as mins slaan kinne en ôfhinklik fan hokker ballen je krije. Alve of tsien jier lyn yn in krante dy’t moarn by it âld papier leit, kofje foar twa euro of fiif euro, wat makket it út salang je op de jûn mar sizze kinne ‘wy ha in moaie dei hân’. En dat is net sa maklik as it liket en noch minder fanselssprekkend.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers