contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (23)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Wa sil fuort it byld fan Gianluigi Buffon ferjitte doe’t hy hast op knibbels gie foar de man yn it swarte pak, de swarte eagen sieten hast op de efterholle, wat in emoasje, wat in sportbelibbing. It is dan minút 93 fan de Champions Leaguewedstriid tusken Real Madrid en Juventus. De man yn it swarte pak hie krekt in penalty jûn oan Real Madrid, hoe soe it ek oars kinne je dit jier wol tinke. Dan binne je fjirtich jier lykas Buffon, it is je lêste kâns op in CL finale, mei der dan wat emoasje by? De omkoal yn it swarte pak joech read, in gûlende Buffon mocht nei de kant.
 
Ek al fertsjinje je in fermogen, je bliuwe yn it gefal fan Buffon in bern, dy’t ek it knikkerjen op it skoalplein al nea ferlieze woe. Makket de emoasje sport moai of makket de sport emoasje moai? Hoe dan ek it heart by elkoar. Fansels is de stap nei Pieter van der Schoot net sa grut op de Jong Nederland fan sneon. ‘Dit hie net moatten’, sa sei hy nei ôfrin nei’t hy in gat yn in reklameboerd skopt hie. Fansels hie dit net moatten en it like ek nearne op. Efkes bekomme en de biezem tusken de doar.
 
Johan Halbesma fertelde ea dat yn Arum ien Martinus Santema sa in slach foar de harses joech dat de studint op ‘e grûn lei. ‘Hij ging su neer’, neffens Halbesma. Earne moast der in skiedsrjochter rûnrinne dy’t wat sjoen hie, mar nee hear, gjinien hie wat sjoen. Sa mâl hoecht it fansels ek net mar it moat ek net sa wurde sa’t in krante skreau: ‘Van der Schoot erkende na afloop met spijt: ,,Dit hie net moatten.’’ Dat kun je echter ook zeggen van arbitrale kruisvaarders die op deze wijze de emotie uit de sport willen halen.’ Want ek winner Marten Bergsma joech ta: ,,Ik koe it net sjen, mar ik hie it yn ‘e emoasje fan it spul ek dien, je prebearje wat no.’’
 
It gie fansels oer oft dy bal ‘oan’ wie op 5-4 en 2-6. Gerrit Okkinga, net de minste yn de keatswrâld, koe it krekt sjen en sei dat dy bal oan wie. Klear je sjogge it of je sjogge it net en neffens Okkinga koe de skiedsrjochter it net sjen om’t hy te folle fansiden stie. Op ‘e nij klear, kin gebeure, elts mist wolris in slach. Pieter is fansels ien en al emoasje en seit ‘Ferdomme hy is op ‘e bealich, jo steane der boppe op.’ Emoasje en ja hear hy krijt de blauwe kaart. Earder hie hy alris in prop oer it fjild skopt en dan wurdt der sein ien en ien is twa.
 
Mar ik tink dêr oars oer, lit him syn emoasje hâlde en meitsje fan Pieter net de kop fan Jut, in maklik ‘slachtoffer’ dy’t de namme hat. Want yn Weidum wie it yn de finale net oars mei oan of net. Doe dûnsen de blauhimden fan Sint Jabik rûn de skiedsrjochter en miskien kaam it troch de rein, mar in blauwe kaart wie net te sjen, en terjochte trouwens. Wol wie der in keatser te hearren dy’t sei ‘Over de scheidrechter wil ik het vandaag niet hebben’.
 
Pieter kaam al yn byld yn Arum, doe’t op 3-1 it spul stil lein waard om syn want te kontrolearen. Hie it sels noch nea meimakke en wie der doe wis fan dat dy hiele saak stonk. En dat tink ik noch, eins wie it in skandaal. Want as je wat by de ien dogge moatte je it ek by de oar dwaan. En by myn witten is dat healweis de partij nea wer foarkaam. In ‘Vendetta’ rjochte op de persoan, sa’t de Italianen dat sizze.
 
Dus minsken, stjoer in rekken foar dat boerd nei Pieter fan de Twa Doarpen en treau dy kaart yn de papierfersnipperaar. Want wy litte dochs net de emoasje yn de sport fermoardzje, want dan fermoardzje wy de sport ek. En dan kinne wy as taskôgers krekt lykas Gianluigi Buffon jankend nei de katakomben of klaaikeamers om nea wer op in keatsfjild te kommen.

Note: De KNKB steunt de scheidsrechter in zijn besluit om Pieter van der Schoot, na het eerder geven van een (laatste) waarschuwing, een blauwe kaart te tonen wegens onbehoorlijk gedrag/taalgebruik.
De betrokken scheidsrechter heeft voor plaatsing kennis genomen van deze column.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers