contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (19)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Fansels is it in grapke mei in fette knypeach fan foarsitter Robert Roosjen fan LKC om efkes de gek te ha mei in site dy’t it ferslach der neffens de datum in dei earder op hat, 15 septimber, as dat de Aldehou hâlden is. Fansels wit hy dat dit al in  skoftsje oan de gong is en dat it as grap stilfalt as je nei it LKC fan de lêste jierren sjogge.
 
Roosjen soe as in nijerwetske moslim op knibbels nei it easten lizze moatte om de hegere sfearen tank te sizzen foar alle omtinken dy’t de Aldehou op sneons krijt. Op sneons, dan binne der ornaris mar in pear en dat is it wol. Mar no, op sneon, de twa deiblêden en oaren, it kin net op.
 
Al jierren moatte je it as sjoernalist sels mar útsykje op Sonnenborgh. It is as in feestje, der is gjinien dy’t je wolkom hjit, je moatte sels nei de koelkast en in taffeltsje om it skriuwen wat makliker te meitsjen is jierren lyn al fuort helle. No meie je mei de pet yn ‘e hân de bonnen ophelje, no dat bart dus net. Ha sels in beurs mei en de aardige minsken yn de kantine mei de lekkere gehaktballen dogge de rest. Sjoch de keningen steane op it fjild en de betiden grutte ego’s fan de parse hoege ek net grutter makke wurde… mar dit hat gewoan mei fatsoen te meitsjen, mei hoe’t je je gasten ûntfange.
 
Sjoch nei de foto fan Marsum yn ‘e rein, de klup fan Coby van Wieren, tink oan de golheid fan de Stiemsma’s yn Moarre. Aardige behelpsume minsken, dy’t wurdearring ha foar de muoite dy’t minsken nimme om del te kommen. Wurd oare jier 65 jier, wit no al hokker partijen oerslein wurde mocht it sa fier komme.
 
As je de ‘analyses’ nei ôfrin lêze kin dat ek maklik want oh, oh wat krije de keatsers wer op ‘e bealch yn de ‘analyse’ fan de ferskillende kenners. Je sille mar keatser wêze en elk jier dit oer je hinne krije. Je sille mar Taeke Triemstra hite en tsjin de medyske wetten yn dochs noch tredde wurde. Je sille mar Kees en Pieter van der Schoot hite en dit jier dochs in pear stappen foarút sette nei de top. Je sille mar Jelle Attema hite dy’t ek yn Ljouwert toande dat hy as opslagger taktys net folle hoecht by te learen. Je sille mar Laas Pieter van Straten hite dy’t nei twa muoisume jierren dochs wer op de wei werom is. Je sille mar Tjisse Steenstra hite en tsien kear kening wurde of Erwin Zijlstra dy’t dochs alve kear yn ‘e finale stie.
 
Dochs moatte je sa earlik wêze en sizze dat it kwa sfear net oerhold op de Aldehou. Siet neist leafhawwers dy’t hast neat misse, in echtpear op leeftyd dy’t yn harren hjersttiid de blêden prachtige kleuren meijouwe. De iene in Wallendal, de oare fan de Trynwâlden. Tiid om syk te heljen is der hast net want de sneins moat de earste boat nei Skylge helle wurde. Want twa pakesizzers spylje foar de beker mei Deinum tsjin de eilanners.
 
Ek dizze twa fleurige minsken misten de sfear fan de Aldehou fan jierren lyn en sy witte wêr’t se it oer ha. Fansels siet it wat waar oanbelanget allegear wat tsjin. En fansels koe it allegear wol wat spannender. Mar ja je ha it net foar it sizzen as balkearder, je bûge de holle foar de hegere machten, útsein fansels foar LKC yn Ljouwert. 
 

Kofje2Marsumhoofdfoto

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers