contact zoeken wedstrijden

Column balkearder(15)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Se makken efkes in praatsje nei ôfrin fan de partij yn Kimswert, de twa bakkerssoannen. De ien in soan fan de Broadsje Bakker fan Ljouwert, de oar de soan fan de ‘lytse bakker’ fan Winaam, Sjouke Helfrich. Al jierren wurdt soan Douwe Helfrich útnoege troch KV De Helfrichs fan Kimswert om harren earegast te wêzen. Dit jier hie Douwe in appeltaart meinaam foar it bestjoer en heit Sjouke wennet noch altiten elke dei yn de holle fan Douwe.
 
Sjouke hie him fernuvere as de ivichheid him tastien hie nochris ien dei op it keatsfjild te wêzen. Keatsen yn Kimswert en de Omrop liet in man belje nei korrespondint Jan Braaksma mei de folgjende tekst: ‘Er schijnt iets te zijn in Kimswerd en kunt u daar iets over vertellen?’ Sa sei de man fan de Omrop dy’t gjin Frysk ferstie…. De Omrop: goed foar sa’n lytse 700.000 euro oan subsydzje fan de provinsje ‘Om de Friese taal en cultuur te bevorderen’.
 
‘Bel later wel weer even’, sa sei de man en dat barde fansels net. It hie wol moai west as hy flak nei it begjin fan de finale efkes fan him hearre litten hie. Dan hie Jan him fertelle kinnen dat Grutte Pier krekt it doarp wer ynkaam en dat de muzyk foarop gie. Teminsten as it te hearren wie troch de telefoan. Yn elts gefal wie skiedsrjochter Sipke Hiemstra syn kursus ‘gebarentaal’ fergetten en hy fûn it nei fiif minuten terjochte dat it wol moai west wie mei dy muzyk.
 
Tink ek dat dit de miening fan Sjouke west hie want de ‘lytse bakker’, sa’t syn bynamme wie, kaam fan in oare tiid. Fiif kear wûn de yn Kimswert berne Sjouke de PC. Hy wenne yn Wergea, Sint Jabik en Winaam. Hy besoarge Sint Jabik trije kear efter elkoar de winst op de Bond. Sjouke stie yn it achterperk en keatste fan 1930-1951. Nei de oarloch wie it in grutheid yn de eagen fan de jeugdige Hotze Schuil dy’t yn 1945 mei Sjouke en de ek noch jonge Æbe Haima yn de finale fan de PC stie. Hoe grut blykt út it ferhaal fan Hotze: ,,Op ’n seker moment in ‘e finale wuu ’t  niet su bêst met Sjouke. Toen seit Æbe teugen mij: ‘Dou must achterin’. ‘Ja’, sei ik, ‘fraagstou dat even an ‘m?’ Dat durfde ik bij lange na niet nou, maar Æbe net su min. We hadden veul respekt voor ‘m, fantastische maat, een fijne kaatser, die het mij veul van ’t kaatsen bybrocht.’’
 
‘Ik mis him noch elke dei wylst it no al wer 35 jier lyn is dat hy wei is. Wy begrepen elkoar sûnder wurden’, sa seit Douwe Helfrich. Moat tinke oan dat lytse mantsje krekt foar de finale. Tim Anema, it jonkje fan Alle-Jan en Linda. Keatsbal en de te grutte mof fan syn heit yn ‘e lytse hantsjes. Nachts hat hy in rite hân dat hy net sûnder keatsbal op bêd woe. Nei de minsklike wetten fan it libben sil ik him as keatser nea sjen, sil ik nea oer him skriuwe, net genôch sentimeters oer op de tûmstok fan it libben.
 
Oer sentimeters sprutsen, Douwe Helfrich hie noch in kwart fan de appeltaart oer en frege oft ik in stikje ha woe. Hy sei ‘Ik woe dat ús heit hjir nochris ien dei wêze koe en dan soenen jo in ferhaal oer him  skriuwe moatte.’ Neffens de minsklike wetten kin dat fansels net mar de ôfspraak leit fêst. By Douwe Helfrich op besite foar in stikje appeltaart en dan dy ‘lytse bakker’ noch ien kear ta libben bringe yn ferhalen.

PCwinnaars39

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers