contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (14)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

‘Hjir docht ien wat net goed’, sa sei ien yn Wytmarsum tsjin my en gelyk hie hy. No gie der yn Wytmarsum wol mear mis mar dat hie mei te let opjaan te meitsjen. It wie nei ôfrin fan de Haije Rijpma partij en foar de bestjoerstinte stienen de trije priiswinners. Der stiene sa’n tsien oant tolve man omhinne, mear wie it net. Dat wie dus ek it applaus dat de helden fan de dei krigen…. Op de eftergrûn, oan de oare kant fan it fjild stienen sa’n fiif of seishûndert minsken mei de rêch nei de priiswinners ta te hearren nei de live muzyk fan dy dei.
 
It bier yn de hân, en om dy iene man noch efkes oan te heljen, ‘Hjir docht ien wat net goed’. Je hoege net sa as hûndert jier wenst wie de prizen út te rikken neist de taap, dat is ek wer oerdreaun want dat hat hiel wat leed opsmiten. Mar it giet by in keatspartij fansels wol om de keatsers, yn dit gefal de winners Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en kening Tjisse Steenstra. Je moasten goed hearre om it applaus foar de kening fan de dei boppe de muzyk fan de oare kant fan it fjild te hearren. Moaier hie west as de priisútrikking efkes yn de tinte plakfûn hie. Efkes de muzyk stil lizze en dan in applaus fan dy fiifhûndert minsken yn de tinte. Want dat fertsjinje de winners fan de dei op syn minst.
 
Wat dat oanbelanget wie it momint dat de schlagers meisongen wurde koenen ek te betiid. Om fiif oere gie it los yn de tinte, de keatsers wienen noch net iens healweis de finale. Moai fansels al dy sinten dy’t in  tinte opsmyt, mar je moatte fansels wol yn ‘e gaten wêr’t it op sa’n snein yn it foarste plak om giet, just ja… de keatsers en harren prestaasjes.
 
Wat dat oanbelanget wie de Freule wat mear suver. Sjoch nei de foto fan Henk Bootsma, it is al daalt der in ingel del op it fjild mar it is de bal dy’t it wolkentek efkes rekket ear’t hy wer delfalt. Jonges dy’t de dei fan it jier belibje, jonges dy’t gjin wurden ha as der op fiif earsten gelyk dochs noch ferlern wurdt. Der wie ien útsûndering tusken al dy gesichten wêr’t it fertriet fan it gesicht ôf te skeppen is. Dat wie Stefan van der Meer fan Baard. Mei fjirtich graden koarts nei de Freule en dan dochs omlopen fierder komme as heit Thomas van der Meer. Stefan wie tefreden, ommers nachts net sliept en dan dochs noch sa fier komme. Tefreden wie hy en heit Thomas net minder want syn soan hie dat doetiids ‘aaklike’ Arum fan Germ Okkinga der dochs mar moai ôfslein.
 
Ferliezers en winners krigen it applaus wat sy fertsjinnen, gjinien op it fjild stie der mei de rêch nei ta. Wa’t bier ha woe koe nei it Dielshûs, mar de measten bleaunen sitten om de jongeskeatsers de eare te jaan dy’t sy fertsjinnen. By de haadklassers soe it net oars wêze moatte, earst de trije helden fan de dei applaus jaan en dan oan it bier en sjonge op de muzyk.

Balkearder (14)

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers