Tekst: Rynk Bosma
Sjoch nei in foto fan de PC fan 1984, winst en ferlies yn ien byld. Links in winnende Wiep van Wieren lizzend op de grûn, de maten Peter Rinia en Tunno Schurer komme op him ta om it mei syn trijen te fieren. Rjochts slûpe Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma as sleine hûnen it byld út nei de dûs. Winst en ferlies yn ien byld fongen. Sjoch nei it minsklik ‘flatgebou’ fan 2010, op de flier húsmannet Gert-Anne van der Bos, op de earste ferdjipping leit Daniël Iseger, en Taeke Triemstra folget op de twadde ferdjipping. Gjin mins yn de buert noch, it fjild wie te swier foar de sprintsjes, de mannen fiere it meielkoar ear’t de ‘tsjunami’ oan famylje der op ôfkomt.
Sûnder grutspraak kinne je sizze dat dit de bylden binne dy’t de minsken op de PC sjen wolle. Dat momint fan wat it docht mei de keatser as hy troch hat dat de PC dit jier foar him is. Henk Bootsma keas syn moaiste foto op basis fan winst en ferlies yn ien byld, prachtige foto dy’t yn in dize ferdwynt troch mannen mei in mikrofoan dy’t sa nedich as earste der by wêze wolle en sa it sicht diels benimme op in Wassenaar en Hiemstra.
It is fan de lêste jierren, as in healwize op de winners ôf al wie it famylje, om mar as earste der by te wêzen mei dat mikrofoantsje. En wêrom eins? Fierder as triennen of ‘net te leauwen’ komme de mannen net want it binne de bylden fan de emoasjes dy’t it dogge.
Tink oan rom tsien jier lyn, foto’s fan in winnende Taeke Triemstra mei in winnende Johan van der Meulen ferienige mei beide heiten, en wa sit dêr mei in mikrofoantsje tusken? Just, dat blauwe mikrofoantsje, dat wolle je dochs net sjen?
De papieren fan de PC binne yn hûs mei dêryn oanjûn wat wol en net mei. Net sûnder tastimming fan de keatsers yn de klaaikeamers komme bygelyks. Sa kin de PC dochs ek wat betinke foar de PC nei ôfrin?
In kollega, in bûtensteander, appte lêsten oer de PC: ‘Het lijkt wel een personeelsdag van de Omrop’ en in bytsje gelyk hat hy wol. Want dy blauwe mikrofoan fan de Omrop sjogge jo net op de partijen dy’t der minder ta dogge. Op sneons is it faak in iensum bestean om mei in telefoantsje te swaaien en dat mear as tritich kear yn it jier op sneon en snein. Dan sjogge jo om de sinteraasje, dat wol, dy selde Omrop net, hoewol’t se dit jier wol oare moaie bylden makke ha fan it keatsen.
Om efkes de ferstoarne Joop van der Veen eare te jaan, it lit him noch it bêste te fergelykjen mei in bakkerij. In hiel jier yn de bakkerij stean om der foar te soargjen dat de lekkerste taartsjes op de PC oanbean wurde. En as it sa fier is, wurde dy lekkerste taartsjes troch oaren opiten. Jan Bakker, what’s in a name, fan Radio Eenhoorn is noch grutsk dat finalist Tjisse Steenstra sei ‘Ik praat earst mei Radio Eenhoorn’.
Minsken sitte net op ‘sprintende’ sjoernalisten te wachtsjen. Wol sitte de minsken miskien te wachtsjen op in PC dy’t dat yn de kommende jierren oars regelje kin. It earste kertier foar de famylje, de kranteminsken ha dan ek de tiid om op it fjild te kommen. Dêrnei kinne de media op it fjild, ‘gelijke monniken gelijke kappen’ om it yn ‘hoogmis’ termen te sizzen. De minsken, mar ek de skriuwende media, ha dêr rjocht op. Om oer de winners dy’t it dochs echt mei harren trijen wûn ha mar te swijen. De tiid fan no is gjin ekskús om soks net te feroarjen.