Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
‘Oan dy ballen fan Jan Scheepvaart mankeart neat’, sa sei Erwin Zijlstra nei ôfrin yn Makkum. Dat is moai om te hearren want yn Makkum jout ballenmakker Scheepvaart yn in doaze de ballen mei dy’t ornearre binne foar de PC. Dus dêr kin aansens gjin geëamel oer ûntstean. It ferhaal wol dat Jan en syn frou Margreet de ballen tegearre meitsje en dat is ek op de foto te sjen. De frou docht it rûge wurk en Jan wurket dy rûne dingen ôf.
Dochs wie der yn Boalsert sprake fan swiere ballen en foarsitter Lammert Leeuwen sei dat hy de ballen trije dagen yn it wetter hân hie. ‘Dan kinst se oer trije wike fuortdonderje’, sa sei Jan. Jan en Reinder Triemstra sieten noflik oan in taffeltsje yn Makkum, pilske derby, ballenmakkers ûnder elkoar kin je sizze. ‘Hiest ús earst even belje moatten foardatst oer ballen skriuwst’, sa rôp Reinder út de fierte op syn Bilts.
Doe’t ik de mannen nei in kertier allinne liet, gie der in fariant fan de beroemde opera ‘Het gemaskerde bal’ fan Giuseppe Verdi út de njoggentjinde iuw troch my hinne. Yn Nederlân soe dy man Gerrit Groen hite, mar dat jout allinnich mar ferwarring want in soad minsken yn de keatswrâld tinke dan oan in oar. In operette mei de keatsbal as haadpersoan en de namme wie ek al fûn: ‘De gemaskerde bal’. Oan de bûtenkant kinne je net sjen oft in bal swier is of net, it stikte omhulsel as masker foar it gewicht.
Ferhalen genôch oer dat stikje keatsark. Johannes Westra wie ris in kear net tefreden oer in bal en doe’t hy dy achter de boven opsykje moast ûnder in boerenwein, rôp hy op syn Liwwarders dat hy de bal net fine koe. No wie Westra fan de generaasje fan krekt nei de oarloch en dy hie as motto dat der neat wei wurde moast. Dus hie hy de bal netsjes op de as fan de wein lein om him nei ôfrin wer op te heljen.
By Reinder gie dat al oars. Sa keatste hy in kear tsjin opslagger Johannes van der Meij en dy hie belang by in swiere bal. Dus ‘Wij mutte dy bal kwyt’, wie it motto. Dy kâns kaam, hy saaide de bal in ein fuort en rôp op syn Bilts dat de bal fuort wie, nije bal graach. Dy fuort saaide bal hie noait wer in mins fûn, mar it fyzier stie net skerp, der stie in beam yn ‘e wei en sa stuiterde de bal it fjild wer yn.
Geert Faber wist doe’t hy in kear foar Minnertsgea tsjin Reinder keatse moast dat dy syn eigen swiere bal hie. ‘Dy bal moat oer it bolwurk hinne, wy moatte him kwyt’, sa sei Faber tsjin syn maat. Fuortslaan en dan sels sykje om de bal en as it nedich wie dat ding fuortsaaie, of omwikselje. Sa barde en fansels hie Reinder dat wol troch, dan wie it saak by it wikseljen fan perk mei in booch om him hinne te rinnen.
Sa hie Reinder in kear troch, doe’t der yn twa perken keatst waard, dat de bal fan it oare perk him better paste. Dus wachtsje op it momint dat beide ballen hast op it selde plak leinen, en dan mei de rêch nei it fjild de ballen omwikselje, dêr hoechden je net in kursus gûcheljen foar folge te ha.
Paulus Groenendijk fan Penjum fertelde dat it him muoide dat al dy keatsferhalen ferlern gienen. As je allinnich al tinke oan dat ‘Moaiste boartersguod dat God ús jûn hat’ sa’t dûmny Hendrik Dijkstra dat mei de swarte toga om de skouders sa moai neamde, dan witte je dat Groenendijk der net fier neist sit. De doaze ballen fan Jan is ûnderweis nei de PC. Miskien sit der ien bal tusken dy’t in moai ferhaal opsmyt.
Want ek foar ballen giet op: hoe mear ferskil der yn sit, hoe mear ferhalen en dêr giet it eins om.