Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Koe âld en nij moaier ferbûn wurde as ôfrûne snein yn Stiens doe’t de trije winners op de soleks it fjild rûn denderden. It byld wie moai, in man leit oan de 34-jierrige Taeke Triemstra út hoe’t it wurket. Want wat pleaget it keatsen fan hjoed mear as de net besteande wierheid fan juster. Nim it doarp Stiens, op stille dagen kin men yn it doarp fan Pieter Jelles Troelstra noch de echo hearre fan dy guodlike Anne Bouma. Goh wat koe de man mei de knibbellape flokke en raze, syn mûle wie jûns krekt like lam as it skouder. Mar de minsken witte no noch wa’t Anne Bouma is, teminsten as je de nedige krúskes achter de namme ha.
Bouma hat syn razen yn erflik opsicht net trochjûn, omkesizzer Simon Minnesma wie de stille kant it neist mar hie wer oare kwaliteiten om it sa mar te sizzen. De keatsers fan hjoed krije geregeldwei op ’e bealch om’t it sa’n ‘saaie’ bedoening is op it fjild, ‘der wurdt hast neat mear sein’ sa sizze minsken dy’t der nea komme. Fansels wurde Johan Halbesma of Johannes van Dijk dan op it poadium hyst as de grutte foarbylden fan doe.
Nei de ‘driedaagse’ fan ôfrûne wike, Bond, Broeksterwâld en Stiens, kin wol steld wurde dat soks geëamel yn de romte is. Yn Stiens gie it der heidens oan wei tusken de partoeren fan Enno Kingma, de stille kracht trouwens fan de trije, en Marten Bergsma. It verbale geweld moast benammen fan Bosje komme en dat fernuvert neat as je witte dat Pier Piersma de tredde maat is. Marten Bergsma stie oan de oare kant mei it sopranenduo Drent-Wassenaar. Bosje gie oer de streek mei in opmerking tsjin Bergsma, mar wie as mins grut genôch om letter sorry te sizzen.
,,Wij kaatsen niet om een boerderij, maar er staat toch nog wel wat op het spel. Als je het met praten kan winnen dan moet je dat proberen’’, sa sei Patrick Scheepstra. Op de Bond tsjin Seisbierrum soe hy dat besykje doe’t Kees van der Schoot op 5-5 en 6-4 it perk miste. ,,Maar ik werd door de scheidsrechter tegengehouden’’, sa sei in terjochte ‘verbolgen’ Scheepstra. Moast efkes tinke oan Hotze Schuil dy’t by in grutte keats op seis gelyk steefêst tsjin de opslagger fan de tsjinpartij sei ‘Dit is weer un dikken een seun’.
Wa’t it geraas fan Bauke Triemstra heart nei in winstpunt, wit dat Anne Bouma silger ynstimmend knikke soe. Dêrmei is noch net sein dat it allegearre goed wie wat de mannen sjen lieten. De spanning wûn it fan de kwaliteit, mar sis net dat der gjin muzyk sit yn de keatsers fan no. Hans Wassenaar is in iepen boek, in koperblazer dy’t al wiken útleit dat alles neffens de planning giet. Mei in pear blonde jonges op wol hy dat ek noch wol efkes oan iderien útlizze. De emoasjes en de maaitiid binne fan syn gesicht ôf te skeppen en dat makket it allinne mar moai. Tink dat hy aansens it draaiboek fan 2016 yn de binnenbûse hat want wy binne hast troch de ‘pannekoeken foar de bern’ hinne.
Yn Broeksterwâld hienen se in oare, rêstiger speaker ynhierd as yn Stiens. De man yn Stiens die tinken oan de foarsitter fan it dartbûn PDC, yn de Wâlden dogge se dat wat beskiedener. Mei fjouwer hûndert beteljende besikers mei it doarp fan Johan van der Meulen wol wat mear omtinken ha. Winterdeis wurdt der tipele en dat wie te merken by it tal stimmen dat de keningskommisje joech: 19 foar Steenstra, ien mear as Van der Bos. Sjoch dat is no de sjarme fan minsken dy’t harren eigen gong geane, dan ek eigen rigels. Sjoch foarsitter Sjirk Fokkens silger yn 2005 noch foar kening Chris Wassenaar stean om de krânse om te hingjen. Hy koe der net by en sei ‘In oare kear graaf ik dy út’.
Mar al dat koperwurk fan de fanfare foel stil by de oranje kleurde symfony fan Taeke Triemstra, izersterk beide dagen. It wie in Adagio yn Broeksterwâld doe’t Triemstra mei in sierlike hânbeweging de bal op ankelhichte de beamkes yn jage, allinne Erwin Zijlstra die him dat nei. Twa fioelsolo’s tusken de koperblazers. Muzyk genôch dus by it keatsen fan hjoed, mar je moatte it wol hearre fansels.