contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (4)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Hoe tapaslik it sjarmante ‘scheidende schoonheid’ ek is foar skiedend foarsitster Saakje Lettinga fan keatsferiening Moed en Volharding, it binne gjin wurden dy’t yn har deistich libben faak tsjin har útsprutsen wurde. It is rûn Doanjum ek net in wrâld fan ‘geparfumeerde Don Juans’ om it mar efkes oerdreaun te stellen. It is mear de wrâld  fan de ‘Scherjontsjes’ fan earelid Fedde Hiemstra. It iennige earelid dat de feriening ryk is en hy krige ûnder oare foar syn meanen net in spjeldsje, mar ‘Scherjontsjes’ mei de tekst Moed en Volharding derop.
 
Doanjum, it doarp mei it ivige minne waar op de dei dat de haadklassers it doarp oandienen. Min waar en in bytsje taskôgers en steefêst yn de bestjoerstinte Saakje Lettinga tusken de blommen en de krânsen. Oan blommen gjin brek yn it doarp fan Jelle Kooistra, in pear jier lyn sieten der mear froulju op de linen as manlju, en oeral blommen want as froulju de oerhân krije wurdt de ynrjochting yniens in stik fleuriger. Mannen ha dêr gjin each foar, sa wurdt der sein.
 
As ‘scheidende schoonheid’ allinne sloech op it uterlik dan soe it mei de wyn meifierd wurde fier oer de seediken it wide waad op. Wichtiger is dan ek de ‘volharding’ dy’t mei leafde foar it keatsen santjin jier folholden waard. De foarsittershammer yn de iene hân, de striidberens op de AV fan de ôfrûne jierren as wapen yn de oare hân. Opkomme foar dy lytse doarpen mei harren lytse keatsferieningen, opkomme foar eigen besteansrjocht, foar de tradysje dy’t Doanjum hiet.
 
Want Doanjum wie yn it ferline faak de ‘kraamkamer’ fan nije formaasjes. Unfrede en oars stelle wolle rûnen hân yn hân rûn it fjild en der gie fêst ien mei in lulk gesicht nei hûs. Sa waard de keningsformaasje fan Peter Rinia, Wiep van Wieren en Tunno Schurer hjir makke. Sa waard yn 1987 de ein oankundige fan de keningsformaasje Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma. Sake sei ea ‘Wat goed west hat, wurdt nea wer sa goed’ en dat wie hjir ek fan tapassing nei twa jier België fan Brandsma. Wiep krige dien by Rinia en Schurer, en waard ferfongen troch Brandsma dy’t as ‘bonus’ ek noch de skuld fan alles krige. ‘Want fan Wiep koest it nea winne’.
 
Dat wie dus fier foardat Saakje foarsitter waard yn Doanjum nei in bestjoerskrisis ein jierren njoggentich. Troch tadwaan fan Teun de Jong dy’t doe yn Doanjum tahold kaam der in nij bestjoer mei Saakje yn 2000 as foarsitter. Santjin jier letter kin de feriening de sinten jierliks net mear opbringe om twa haadklassepartijen te hâlden.
 
‘Stean ik der foar?’ sa sei Saakje by it bringen fan de kofje. No nee, wa’t fan keatsen hâldt kin better nei Saakje sjen dan nei wat der snein op it fjild efter har barde. De hiele dei dy sa fûle sinne en dochs bleau it oan de ein net droech. Triennen om har eigen ôfskie, triennen om’t ‘moed en volharding’ net genôch west wiene, triennen om’t oaren har net stean seagen, en foaral triennen om’t gjinien oan de oare kant fan de dyk de ‘moed’ hân hat om de helpende hân út te stekken. De ‘scheidende schoonheid’ fan in keatsleafde dy’t gûlt om wat ferlern giet, dy’t sjocht dat ûnferskillichheid de grutste fijân fan de leafde is.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers