Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma/Rynk Bosma
Sjoch him noch sitten oan de grutte tafel, it pûdsje heal swiere sjek oan de rjochter kant binnen hânberik. Taede of Tettero Zijlstra wenne net sa fier fan it fjild fan Pim Mulier, hy hie der hast it sicht op. Hy hat in libben lang de soan fan west…. As keatser koe hy krekt lykas syn bruorren Hoite en Elias net yn it skaad stean fan heit Taede Zijlstra (1900-1946)
Yn in oare betsjutting stie hy wol yn it skaad fan syn heit en dat in libben lang. De keamer wêryn dy tafel stie wie rûnom behongen mei prizen fan Taede. Oan de iene muorre de fiif leppels fan de Aldehou, earne oars de trije sulveren Aldehou keningsprizen sa’t dy ek op de bygeande foto steane. Mei in foto fan Tettero sels want hy hat syn libben lang hoede oer de neilittenskip fan heit Taede, in libben lang der foar soarge dat it allegearre net wei waard.
Miskien wie hy net sa trou yn it ûnderhâld as mem Franschje Bruinsma dy’t steefêst by libben elk jier alle prizen oppoetste. Mar ek Tettero liet it spul net fertutearzje. Efter dy prizen siet in hiele wrâld, in bernetiid mei in soad skaad, sa kinne je wol sizze. Doe’t Tettero op 20 april 1936 tegearre mei Anneke op de wrâld kaam as twilling wie it net in maklike tiid. Dat moast romantikus Jan Durks van der Mei ek fêststelle doe’t hy op 10 july 1937 it hiem opkaam by Taede Zijlstra.
Beppe hie it regear yn de húshâlding Zijlstra en koe it neffens Van der Mei ‘wol pratende hâlde’. Anneke en Tettero stienen ‘brún as in pipernút’ yn de blikke. Mem siet tydlik yn de Oorsprong en sa kaam de húshâlding troch de tiid. ‘Ik ha ús heit allinnich mar siik mei makke’, sa sei Tettero. Wol mocht hy as seisjierrich jonkje syn heit kofje bringe doe’t Taede in baan as ‘nachtwaker’ krige op it gemeentehûs yn Wytmarsum.
En as bern altiten stil wêze yn ‘e hûs en dêr kaam in ein oan doe’t it rûn it siikbêd fan Taede yn 1946 hielendal stil waard. Tettero moast doe noch tsien jier wurde en trije jier letter naam Willem Lautenbach op geweldige wize de taken fan heit oer. Tettero wie net in learder, ek net in echte sporter want syn fysike beheiningen wienen te grut.
Hy sutele al gau mei petroalje troch de buorren fan Wytmarsum. Omkesizzers witte noch dat hja der op útstjoerd waarden om de kannen by de minsken wei te heljen sadat Tettero se wer byfulle koe. Ek ferkocht hy tiidskriften as de Libelle en de Margriet. Mar de tiid fan it gas helle him yn sadat hy om oar wurk sykje moast.
Dat oare wurk waard in baan by Empatec yn Harns wêr’t hy 25 jier lang taholde. Oant Drees om de hoeke kaam. Underwilens gie it keatsen en ek it fuotbaljen gewoan troch. By de feteranen stie hy skoften lyn noch op de linksbûten. By it keatsen stie hy oan de stuit. Sikretaris en soan fan Mukkes Lemstra, Simon Lemstra beskreau syn opslaan as folgt. ,,Mei de rjochter hân de bal foarút stutsen en dan him nei de heup bringe om mei links op te slaan.’’
Dat opslaan bleau der de lêste tiid wolris by, efkes mei de mannen op it bankje prate gie altiten troch. Tettero wie in man fan regelmaat, in man dy’t net lulk koe en graach lake. In oar soe sizze ‘sa goed as bôle’ en as je neiste buorren dat fan je sizze dan is dat wol wier. De muzyk koe noch sa hurd stean, Tettero klage nea.
Op freed 19 maaie ferstoar Tettero thús, de snert stie al klear foar de sneons want dat wie fêste prik, winterdeis en simmers. Syn maten soenen de sneins 21 maaie in ledenpartij keatse. Tjerk Goslinga en Jan Faber wisten wis wêr’t de krânse hinne gean soe, nei Tettero. De beide mannen keatsten foar harren maat, by de ôfskietsjinst op tiisdei 23 maaie leinen de krânsen der as earbetoan. Simon Lemstra hie moaie wurden, en doe’t hy wer sitten gie, lei hy noch in keatsbal by de twa krânsen want ek dat fertsjinne dy sa ienfâldige freonlike Tettero Zijlstra fan Wytmarsum.