Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
As de libbenssee in kwestje is fan eb en floed dan wie it keatsfjild fan Dronryp snein in dobbe mei heech wetter. Want dat kinne je wol sizze as der 230 man ree steane om de Eise Eisinga-partij dagenlang hannen en fuotten te jaan. It is in fiersicht op de takomst, in budzjet fan 50.000 euro, in stichting, in soad sponsers, in tinte dy’t neffens foarsitter Jan Willem van Beem snein nei de priisútrikking al sa’n 6000 man oer de planken hân hie. Mei as kommend hichtepunt de damespartij op 25 maaie mei sa’n 2000 euro oan prizenjild.
Dat neame wy it dameskeatsen in terjochte prizenkontsje jaan want dizze kategory sjit der al jierren kwa jild by yn. En yn de takomst miskien aansens digitale bylden fan wat dy frijwilligers allegearre dogge ear’t de earste bal opslein wurdt. Mar ek de lêste taspraak fan de ôfskie nimmende foarsitter Van Beem komt hieltiten tichterby. Hy wist net as hy dat sûnder heakjen oprêde sil, sa sei hy snein. Ate de Jong skreau hiel moai oer ferline jier doe’t Van Beem de Fair Play Trofee útrikke mocht: ‘Dan noemt hij de winnaar en breekt. Het is zijn zoontje. Die komt naar voren, ziet zijn vader huilen en is ook in tranen. Twee huilende mannen, ‘en dat kin my ek neat skele’, zegt de voorzitter.’ Moai dat der sokke grutte emoasjonele gatten sitte yn dat oars sa strakke managerpak.
Dy gatten wienen der snein wol mear te finen by Sjirk de Wal, ek al klotste de floed syn hege weagen betiden tsjin de tsjerketoer oan. Tink oan Lolkje Bouma fan Littens op de foarste rige dy’t de moed by elkoar pakt hie en gean wer nei in keatspartij. It is eb yn har libben, allinne as sy efkes de eagen ticht docht sil sy de floed fan it ferline foar har sjen mei boppe de golven út de rizige gestalte fan Thomas Bouma mei syn sa wite hier, tegearre op wei nei wer in keatspartij.
Tink oan Richard Miedema dy’t efter de kamera de bylden fan de dei fêstlizze moast. Tink oan de wurden dy’t hy net fine koe doe’t hy syn broer Walter opbelle. Walter Miedema hie krekt te hearren krige dat troch it needlot de ein in stik tichterby kommen is. Twa broers, ien siel, nea wurden nedich hân en dan binne der gjin wurden, dan is it eb en neat op de wrâld, ek wurden net, kin dat getij keare. Want úteinlik binne wy allegearre mar balkearder yn it grutte keatsspul dat libben hyt.
Balkearder mei it Tafal oan de opslach en yn de krite stiet Gelok foaryn en Needlot achteryn, mar betiden wikselje de perkspilers ek sûnder dat de balkearder der weet fan hat. As balkearder steane je as in roerdomp op it fjild, want echt ynfloed op de partij ha je net. Betiden steane je op it goede plak en keare je in bal. Faker steane je op it ferkearde plak want je witte net wêr’t opslagger Tafal de bal bringt. En ûnderwilens geane de buordsjes fan de telegraaf sûnder dat je der erch yn ha of weet fan ha.
Sa as al sein, úteinlik binne wy minsken allegearre balkearder yn in libben dat trije spul duorret en earder út is dan je tinke. Dêrom hjit dizze kollum, dy’t yn de simmer elke wike op moandei of tiisdei yn it Nederlânsk of Frysk te lêzen is op de KNKB-site, ek Balkearder.