Tekst: Rynk Bosma
Doe’t de doe ek al âlde Sikke Wiersma mei de pet skean op ‘e holle yn Ikkerwâld it kompetysjekeatsen fan Nut en Nocht yn goede banen liede, stie der oan de ein in beker te wachtsjen op de winner, of in medalje mei ynskripsje. De winners wienen bliid as protters en wisten net dat de bekers dy’t hja krigen like grut wienen as de bekers dy’t de winners fan de Frouljus PC yn 1978 en 1979 krigen. Dy fan 1978 wie in soarte fan blaukleurige kermis beker dy’t allinne jûns let toand waard want oerdei woene je der net mei sjoen wurde.De eare dus en wat dat oanbelanget is der in soad feroare. De waskmasjines en stofsûgers koene noch ferkocht wurde oan de heechste bieder, it bekerspul stiet wei te wurden yn grutte doazen op de fliering. Tsjintwurdich krije de keatsers en keatssters in ticht slúfke wêryn bonnen of jild. It minimale bedrach stiet fêst, fansels meie de ferieningen mear jaan. Mar it is foar de keatsferieningen betiden in djoere saak as der in dames en hearenpartij ferkeatst wurdt.
De punten en de sinten steane sintraal by de keatsers en keatssters fan hjoed en dat is de tiid. Mar it is wol in nuvere tiid wêryn hast gjin tiid mear is. Nim de keningspriis fan KV Jan Bogtstra, in grutte keatsklau yn in kastje. De lêste sân jier is dy priis mar ien kear troch de kening foar in jier mei nei hûs naam, de oare kearen bleau hy by de feriening. En dy iene kear hie ek noch as reden dat dy priis in moai ding wie om in konkurrearende keatser út eigen famylje de gek oan te stekken….
Je soene sizze, je ha tusken it appen, twitterjen, tweeten en facebooken dochs noch wol in momint tiid om de muoite te nimmen sa’n priis mei te nimmen en wer op tiid werom te bringen. Ek al wie it allinne mar in gebaar nei de minsken dy’t der in hiele dei yn tou binne. Dochs hie it bestjoer en oare frijwilligers wille genôch, nim bygelyks Johannes van der Ploeg. As karmaster let op de middei mei syn oanwiisstok koe hy net echt de maat hâlde by de klanken fan it Woanskip, mar it wie dochs in teken dat de minsken dy’t foar nul sinten de linen yn ‘e gaten hâlden de moed en de wille der ynhâlden en dat gie ek op foar de sutelers mei kofje. Ek de priis neist it slúfke wie moai betocht.
Wat it priisferskil tusken ‘dames’ en ‘heren’ oanbelanget wie der in stik as wat jierren lyn by in feriening by tafal in ludike aksje. De bonnen foar de mannen wiene by fersin nei de froulju gien en omgekeard. Fansels belje, mar it spul waard net wer ynlevere. Oars in moaie aksje, no moast de feriening byspringe en dat kin fansels ek net, aksje fiere oer in oar syn rêch.
Sa witte ferieningen wol faker net altiten wêr’t de prizen telâne komme. Sa wie der in feriening dy’t in nije keningspriis ha moast, de oare wie op ‘e rin, nearne te finen. Dus nei Seerden Sportprijzen fan de foarsitter fan KV Jan Bogtstra, Ludwig Seerden. Dy hie noch wol wat op de planke, stie der ek al sa’n trije jier, nea ophelle nei in nije ynskripsje. It tafal woe…., sjoch dat is no sa moai oan it keatsen.