contact zoeken wedstrijden

Se binne allegearre like fanatyk dêr yn De Legeaën

Decembereditie Keats! (05)

Tekst: Janneke de Boer
Foto’s: Piet Douma

It is novimber, de fallende blêden ûnbleatsje de fraaie tsjerke fan it doarp, it fjild fan keatsferiening De Lege Geaën leit der ferlitten by en klupgebou It Fintsje is yn de winterstân brocht. It is Elbrich dy’t ús opheind en Martsen dy’t mei farsksetten kofje oansetten komt: ‘Ik moest kofje meinimme fan ús mem…’ Wannear’t de dampende kofje op tafel stiet, komt ek Jetske binnen. Partoer Goaiïngea 2 is kompleet.

Keats-09 november 2024-PDF-Grafie-06669

It trio praat hûndertút oer benammen it sulver op de ôfrûne Ald-Meiers Partij, mar sûnder it yn de gaten te hawwen fertelle se folle mear dan dat allinnich. Elbrich Kooistra, Jetske Zijlstra en Martsen van der Goot binne grut wurden yn De Lege Geaën respektyflik op Loaiïngea, Spears en yn Goaiïngea. Op it Goaiïngeaster keatsfjild krústen se elkoars paad, in fjild dêr’t it yn it seizoen altyd in drokte fan komsa is.

,,Se binne hjir hiel aktyf’’, seit Jetske en ferfolget mei in opmerking dy’t ûnder it petear wol tsien kear ûnderút helle wurde sil: ,,Foaral hiel aktyf, net fanatyk.’’
It is foarearst it lêste seizoen dat it trio as partoer op paad koe. Elbrich stroomt troch nei de 1ste klasse en de oare beide bliuwe noch by de famkes keatsen. En wêr’t Jetske no yn fiif VWO sit en Martsen nei it FMBÛ no nei Havo 4 giet, reizget Elbrich sûnt de simmer nei Grins foar har stúdzje pedagogyske wittenskippen. 

Goeinga keats online

In fanatyk ploegje famkes mei de bynamme de bende fan acht


Se kenne elkoar al jierren, binne mei elkoar opgroeid tusken de keatslinen en moetsje elkoar ek op oare soarten sportfjilden. ,,Elk jier is it wer oars fansels. We sjogge elkoar noch wol op treningen en sa, dus op sich makket dat allegearre net safolle út’’, seit Martsen oer de tydlike skieding.

,,It is wol in fanatyk ploegje famkes west altyd’’, seit Martsen, ,,Se neamden ús ek wol de bende fan acht haha.’’ ,,It holp miskien ek wol dat Marco en myn heit de federaasje Snits doe op gong holpen hawwe. Doe moasten wy eins ek wol keatse’’, laket Jetske.

Yntusken is heit en coach Marco van der Goot ek binnenkaam en follet de froulju oan: ,,It begjint altyd by in pear fanatike minsken. Dy’t it spul oan de gong hâlde of opsette. Bern kinne it net allinnich. Je moatte minsken ha dy’t der binne, organisearje. Eins bin ik superjaloersk op dy froulju. Nei myn idee binne sy hjir altyd rom fasilitearre. De keatsskoalle kaam derby, wy stiene iepen om se altyd mei te nimmen nei de KNKB. In hiel soad ha dat gelok net hân.’’ Elbrich: ,,Wy ha hjir wol optimale kânsen hân inderdaad.’’

Trije ferskillende jonge froulju dy’t as tiim bysûnder noflik funksjonearre. Se witte wat se oan elkoar hawwe en beprate ûnder in wedstriid de te folgjen taktyk. Oan tafel ûntstiet der in nijsgjirrige diskúsje:

Martsen: ,,We lústerje altyd goed nei Jetske’s heit, altyd fanatyk achter it perk. Dy mannen jouwe soms de meast wûnderlike tekens, mar dy snappe we lang net altyd. Wy binne fierder alle trije net hiel bot ropperich. Ik tink dan altyd mar ‘dyn karma komt noch wol’.’’

Elbrich: ,,Ik begjin pas te roppen wannear’t de tsjinpartij tsjin my begjint te roppen. Dêr kin ik wol fel fan wurde…’’

Jetske: ,,As we lekker fanatyk yn de wedstryd sitte fiere we wol ús eigen punten, we binne dan as partoer hiel entûsjast.’’

Martsen: ,,Elbrich is lekker fanatyk.’’

Jetske: ,,By Elbrich moat it wol goed… Want dan slachst in sitbal en dan fynst ‘m net moai genôch. Of soms by seis gelyk en der wurdt in lytse keats slein.’’

Martsen: ,,Ha ja en ik sjoch dyn irritaasje as der in bal boppe slein wurdt. Mar Elbrich bliuwt altyd wol rêstich. Se hat ek in hiel hurde opslach en kin ‘m oeral bringe wêr’t se wol.’’

Jetske: ,,En Martsen hâldt it partoer by elkoar as it net sa goed giet. Mar dan moat se sels wol lekker yn de wedstryd sitte.’’

Martsen: ,,Wy prate wol in hiel soad mei elkoar yn it fjild. Wy kommunisearje hiel folle, in soad ‘handjeklap’, prate oer hoe’t we it dogge, wa’t wêr stean giet en dat is yn it perk likegoed sa. Nei elke bal komme we by elkoar om te sjen wat ferfolchstappen wêze kinne. Ik hâld der ek fan te witten wa’t de tsjinstanner is; sterke kanten, swakke punten. Dêr kinst op ynspylje.’’

Foto: Lieuwe Bosch
Foto: Lieuwe Bosch

De namme Goaiïngea 2 feroare planút yn Goaiïngea


Geandewei de ôfrûne Ald-Meiers Partij feroare de namme Goaiïngea 2 yn planút Goaiïngea. Partoer Goaiïngea 1 wie der al ôf, partoer Goaiïngea 2 stoomde troch nei de finale en kaam úteinlik mei it sulver thús. Boppedat sizze de froulju ‘Goaiïngea is Goaiïngea’: Se keatse allegearre goed en graach mei en tsjin elkoar, komme elkoar op skoalle, by sporten en yn harren frije tiid altyd tsjin. Dy nûmers sizze harren hielendal neat, se binne allegearre like fanatyk dêr yn De Legeaën.


 

Keats! in blader PDF (klik op de foto)
Keats! in blader PDF (klik op de foto)

Keats! in PDF

Keats! in PDF

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers