contact zoeken wedstrijden

Balkearder (131) Paraplu

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De grutte sportleafde dy’t fuotbal neamd wurdt hong eartiids yn posters op de sliepkeamer yn de jierren sechstich fan de iuw dy’t no al wer hast 25 jier lyn foarby is. En dat mei in heit dy’t syn hiele libben mar ien sportleafde hie: keatsen. No, rom in heale iuw letter, is fuotbal as leafde gjin partij mear foar it keatsen. Hingje it byld fan de wille fan de trije famkes fan Makkum op de Jong Famme Partij mar ris neist wat foar oranje byld ek fan it EK yn Dútslân en je witte dat it in kwestje fan 5-0 en 6-0 is.

 
De rein foel yn Mantgum hast like hurd del as de krityk dy’t Nederlân krige foar it spul dat se sjen lieten. Der binne keatsleafhawwers dy’t fine dat de nap de keatssport stikken makke hat lykas it jild it fuotbal stikken makke hat. Mantgum yn de rein dus, de wyn waaide trije earsten en fjouwer punten fan de telegraaf, de boarding op de boppe hie him ek al oerjûn en lei plat. Mar it keatsen gie gewoan troch, gjin drinkskoft as it waarmer is as tritich graden, de hollen mei de wapperjende hynstesturten ûnder de petten in bytsje skean hâlde sadat de rein wat minder hurd oanfielde.
 
It is de wille fan de jongerein oan it spultsje mei de âlders en oare famylje oan de oare kant fan de boarding. Allinne dy âlders witte hoe lang de wei is fan pupil nei famke en fan famke nei dame. Altiten mei leafde ûnderweis, dus gjinien tinkt der oan om by ‘Code geel’ de tas te pakken en op nei hûs ta te gean. As je it gelok ha dat je famke yn de finale stiet fan de Jong Famme Partij, dan is fuortgean gjin opsje.
 
Komt by dat Makkumers fan in fiskersdoarp witte wat waar en wyn dogge, ek al sil minder as de helte noch in berop ha op in fiskersboat. Dus hienen se yn Mantgum mei alle reden de Zuiderzee-ballade as muzyk brûke kinnen. It sentimint fan ‘Eens ging de zee hier te keer, maar die tijd komt niet weer’. No sil ien sizze: mar dy Gerde komt fan it Heidenskip. Dat klopt, mar dêr witte se ek wat wetter is.
 
Wie ris foar in ferhaal yn it Heidenskip doe’t ien fertelde dat ‘ongewenste vreemdelingen’ faak yn ien fan de brede sleatten terjochte kamen. Probleem oplost, even kopke ûnder hâlde sa seinen se doe yn it Heidenskip. Dus Gerde wit ek wol wat wetter is en de wyn hat op it flakke lân fan it Heidenskip frij spul.

Fjouwer dagen letter wie in oare karavaan del strutsen by Sla Raek yn. Broeksterwâld, mei de kantine dy’t Oan ‘e kwea hyt. Famylje achter de telegraaf dy’t de stân by hâlden tidens de Juniorencompetitie foar famkes en jonges. Oan ‘belangenverstrengeling’ die men net, as ien it drok hie mei praten dan sei ien fan de jonges freonlik: ‘Twa foar wyt of fjouwer foar read’. It wie de jûn fan de heale finale, dus opsjitte wie it motto. En allegearre ‘kenners’ fansels. Ien op de line sei wis te wêzen fan de útslach: ‘2-0 foar Nederlân’. In oar sei ‘Dan moatte se wol Marco van Basten opstelle’.
 
Keatsen is net allinne op in moaie simmerdei keatse foar fiifhûndert minsken lâns de kant. Keatsen is ek fjouwer perken neist elkoar, in trouwe frijwilliger fan de keatsklub op de line en hjir en dêr de famylje fan bringen en heljen. De leafde fan âlders dy’t as in paraplu boppe de hollen fan de bern hinget.
 
As it goed is dan leare de bern om te gean mei de rein fan ferlies en de sinne fan de krânse. Dan leare se dat in paraplu ek in ding wêze kin wêr’t je mei wrakselje. Freegje dat dy man op de foarline yn Mantgum mar, hy stiet hjir op de foto. De paraplu werom brocht nei in tal metalen stokken dy’t net om lyk wolle. Ek yn it keatsen ha je mominten dat dy paraplu net docht wat je ferwachtsje. Op de seis it perk misse of kwea slaan, dan ha je yn ‘e holle in paraplu nedich by it earst dat dêrnei komt. De karmaster fan Mantgum as rolmodel fan de keatssport. Hy tovere in twadde paraplu út de bûse dy’t him wol út de wyn en de rein hâlde. In moaie les foar it keatsen, altiten in twadde paraplu meinimme.
 

Balkearder131 bijfoto

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers