Tekst: Rynk Bosma
Miskien is it moaiste fan keatsen wol dat je it letter sa moai yn ‘e lak sette kinne. Hoecht trouwens net altiten, want nei trije winstpartijen fan it izersterke keningspartoer fan Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Tjisse Steenstra sette dy mannen harren sels al yn de glânzjende lak. Rienk de Groot sei ris yn ‘e krante fan it jier 1970 dat it miskien tiid wie om oars te stellen. Hy sei dit nei oanlieding fan it hearskjen fan it keningspartoer fan doe: Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Durk Talsma.
De krêft fan dat partoer wie dat se altiten in heech nivo hienen tusken 1969 en 1974. Je moasten je dei ha, lykas dat partoer fan Jarich van der Veen, Gerrit de Jong en Reitse Mienstra en letter Flip Soolsma dat betiden hie. Mar lang net alle wiken. En dus wist it partoer fan Gerrit Okkinga 33 kear in formaasjepartij te winnen. Nuver genôch ha se yn dy jierren de PC mar ien kear wûn, yn 1970. Te min neffens harren status, eins in ‘smet’ op harren reputaasje fan keningspartoer.
Moat der by sizze dat it partoer fan Gerrit Okkinga it yn 1973 eins ferlern ha fan prinses Beatrix en prins Claus. Yn de ‘broederstrijd’ tsjin Sjouke de Boer, Wiep van Wieren en Gerrit van der Heide stienen de mannen mei 3-1 foar, leau’k. Doe waard it spul stil lein, want Beatrix en Claus kamen it fjild op. Wier of net, Okkinga hat oant de dei fan hjoed altiten sein dat dy pauze har de kop koste hat. Johannes Brandsma sei letter ek wolris mei in knypeach: ‘De PC folge te koart nei de Arumer merke’.
It partoer Okkinga draaide op keatsen lizze en dy foarby slaan. Gjinien koe fanôf de boppe de bal sa moai lâns it lyntsje werom slaan as Durk Talsma. Yn it achterperk koe hy dat ek, mei in pleatste útslach de keats foarby. En Durk krige fansels it measte op de bealich, want Klaas sloegen de measten it leafst oer. Tink dat dit de oerienkomst is mei it partoer fan Menno van Zwieten, leune op in izersterke opslach en dan faak troch dy opslach te lytse keatsen pakke. Tink ek dat dit partoer kwa opslach better is as dat fan Okkinga, mear power, twa kear in foarbêst opslach efter elkoar. Wa moat no eins fan de bal? En hast net fan de wiis te bringen. Tink ek dat sy op de kommende PC mear sjen litte as dat fan Okkinga dat die nei 1970.
It no dus mear yn de lak as doe. As dat ‘no’ foarby is, dan kinne je de bus mei lak mar klearsette. En hoe langer lyn, wat dikker de laach lak. En ik fyn dat soks mei. Dat je de eigen prestaasje wat moaier meitsje dan as it yn it echt wie. Nim no de dit jier ferstoarne opslagger Johan van Seijst. Hy fertelde my yn 2015 dat hy wol seis ferskillende ballen hie mei syn opslach. Ha him sels yn aksje sjoen en it is my nea opfallen. Hy liet my de platte hân sjen en sei ‘As ik him hjir krige, dan wie dat in platte bal dy’t nei rjochts fuort draaide’. Van Seijst gie as in wiersizzer syn eigen hân lêzen: ‘En as ik him dêr krige dan gie hy djip achteryn’ en sa hie hy noch fjouwer plakken op dy hân. Braaf knikke fansels, want wêrom soenen je no sizze dat de lak wol tige dik oanbrocht waard?
En dan is it wol moai dat je by tafal in taskôger tsjin komme fan de tiid fan Van Seijst. En ek noch ien dy’t in ‘fan’ fan Van Seijst wie. Hy seit: ‘Johan luts hiel faak syn sokken omheech en betiden wie it in sitbal wêr’t hy sels net mear rekken mei hâlden hie…bytsje spytgnyskjend as wie it de bedoeling west.’ Hy fertelt oer in partij dy’t nei alles oan ‘e hang giet. Van Seijst wie by de izerfretter Flip Soolsma en frege yn plat Frjentsjerters oan Flip wat hy dwaan moast. ‘Plat voorin’, sa sei de Bilkert. Johan glide by de opslach heal út en rekke de bal dus net goed. De bal fleach hast rjocht omheech nei it perk en foel as in stien by tafal krekt foar de kwealine yn it efterperk. Dit ta ferbjustering fan de opslagger. Sitbal en hy sil yn de tinte nei rûntsje njoggen fêst sein ha dat dit de bedoeling wie.
Roller Coaster
As jonkje yn de jierren sechstich hie ik dy bus lak net nedich as Robert van Wieren op it fjild stie. In keatser mei in geweldige útslach, in man fan de show en de humor. Ek in man dy’t wat ûndogens wie, betiden hie hy yn syn fierstente grutte Amerikaan mei fleugels wolris in ‘kofferbakverkoop’ fan echte learen jaskes. Tsjin heale priis….Ek al tink ik no dat hy dêr dy Amerikaan net foar brûkte. Want dêr helle hy yn 1972 Hotze Schuil mei op út Harns dy’t hy by need frege hie as opslagger.
De moanne juny leit foar ús, de moanne dat it libben fan Robert begûn op 24 juny 1942. En op 30 juny 2020 einige dat libben ek. Ha myn hiele libben nea in bus lak nedich hân foar Robert. Dat wie net nedich, hy bleau as mins en keatser foar my altiten oerein. Klinkt nuver, wie gek op him, hie in ‘klik’ dy’t fan twa kanten kaam, ek al om’t hy wat ûndogens wie. Soan Robbie van Wieren is muzikant en sjonger en hy waard 50 jier. Ate de Jong stjoerde in filmke wêr’t Robbie it nûmer Roller Coaster sjongt. Mei in echt prachtige foto fan heit Robert achter him. Sjoch, dan ha je gjin bus lak nedich as je mei je hiele hert sjonge: ‘On this roller coaster life I can travel all the road, you see 'cause I know you're there with me.’