Troch: Rynk Bosma
Foto's: Henk Bootsma
Is in libben sûnder leafde in libben om ‘e nocht? De fraach stelle is him beantwurdzje. No hat leafde hege en lege noaten. Mei as heechste noat fansels de leafde foar in oar mins, man, frou of bern, makket neat út. Dat is leafde mei in deftich, trijdielich pak oan, mar it is mei leafde krekt lykas mei klean, in pak, in koarte broek, in treningspak, fakânsjeklean en sa kin je noch wol efkes troch gean. In soad leafde krije je fan thús mei.
Nim no keatsferiening Drie Spul is Ut fan Sint Anne. De feriening bestiet dit jier 125 jier en mei €2250 oan prizejild ha se snein goed útpakt. Mar ear’t dy trije spul út is, begjint it spul mei frijwilligers en net te ferjitten in bestjoer. Ek yn Sint Anne, mei Alfred Miedema as nije foarsitter. Syn pake Gosse Miedema wie fan 1962-1973 foarsitter fan VvV Berltsum, syn heit Hijlke Miedema, dy’t net âld wurde mocht, wie it fan 1973-1976. Op syn achtste krige Alfred syn earste keatsbaltsje yn hannen, as in trouring fan leafde dy’t nea wer foarby gean soe. De keatsbal hat no plak makke foar in mikrofoan, de stim fan al dy minsken dy’t it keatsen yn Sint Anne oerein besykje te hâlden.
De keatsferiening VvV Tzummarum bestie 145 jier. De reade loper lei út, de leafde foar eigen ferline yn foto’s fêstlein. Ek dêr hienen in soad frijwilligers de keatsarena moai optúgd, doch it mar even. En as de fan Minnertsgea liende parsekarre in bytsje oan de kant stiet, dan nimme je dat yn it gruttere gehiel foar leaf. Kin gebeure, krekt lykas foute nammen yn eigen ferhalen.
It ferline is der ek om fan te learen en gelokkich bart dat noch. Doe’t Menno yn de finale yn Sint Anne hiel even it paad kwyt wie mei trije bûtenslaggen achterelkoar mocht hy it gewoan wer in fjirde kear besykje. Gjin Tjisse dy’t klear stie om oer te nimmen. Yn Frjentsjer in wike earder hie Menno al in kear sein nei in misser, ‘nim mar oer’ mar dat barde net. Want Tjisse hie en hat goed fan it ferline leard. Net nei elke bûtenslach mar klear te stean om oer te nimmen. Leare fan it ferline is dus ek in keunst en net oernimme betsjut ien fertrouwen jaan. De essinsje fan de sport dat oan de ein fan de dei him hast altiten útbetellet.
KIKA
Fertrouwen en trouwen, it skilt mar trije letters, mar yn it echte libben passe dy twa wurden by elkoar. Yn it Frysk waard yn it ferline sein dat je ‘yn ‘e lange hier’ gienen as je trouden. In útdrukking dy’t út it deistige libben fan doe kaam want de arbeiders gienen op 12 maaie ‘yn ‘e koarte hier’ by in boer. As je de e fuort helje by ‘koarte hier’ en ‘lange hier’ dan hâlde je koart hier en lang hier oer.
Tsjintwurdich is de opskearde holle de ‘coupe’, de moade wat hier oanbelanget. Foar de spegel moarns binne je dan gau klear, as dêr ek al gjin nocht oan ha dan sette je in honkbalpet omgekeard op ‘e holle sa as Jorn Lars van Beem. Hy is twa meter en trije sentimeter lang en makke ek wer yn Sint Anne de nedige yndruk. In omdraaide honkbalpet op, de klep yn ‘e nekke. Dus net tsjin de sinne, mar gewoan: ‘Hie hjoed gjin nocht myn hier te dwaan’, sa sei hy gnizend nei de winst yn Tsjummearum. No hie hy op dy himelfeartsdei dêr eins ek gjin tiid foar, drok genôch. Foaryn en foarbêstop, doch it mar in hiele dei. De oars ek net raar opslaande Jorrit Nanninga hie in blauwe opslachearm sadat hy allinne mar balkeare koe.
In honkbalpet opsette op in dei dat je gjin nocht ha wat oan it hier te dwaan is net weilein foar dy Bilkert mei dat lange hier. It plakplaatsje fan it foaroardiel is dan ek gau plakt as je Bilkert Jan Hoekstra sjogge dy’t yn de tiid fan no it hier hast op de skouders hat te lizzen. Je tinke fan in ‘overjarige hippie’ dy’t no as sechstichplusser út it wurk wei it hier groeie lit. Mar it ferhaal is krekt oars. Hy lit it hier no al in hiel skoft groeie en de reden is eins KIKA.
In skoft lyn seach hy in programma oer bern mei kanker en doe waard der sein dat je ek hier doneare kinne. Foar it meitsjen fan prûken foar bern dy’t troch de behanneling harren hier kwyt reitsje. Jan Hoekstra soe oan in honkbalpet net genôch ha om dat hier fuort te wurkjen, earder in lampekap. Hy skat de lingte no op sa’n 25 oant tritich sentimeter. Hy hat noch acht oant tsien sentimeter te gean. En hy docht der alles oan, spesjale sjampoo, hy lit him adviseare troch kappers dy’t witte wat goed is foar de groei fan hier. Gjin muoite is him te folle.
En dan aansens it momint fan knippen. En dan hat hy net mear op de holle sitten as ien dy’t by de kommando’s sit. En hy docht it mei leafde, hat it der foar oer en de fyftich of sechstich euro fergoeding dy’t der foar stiet giet ek wer nei it goede doel: KIKA. Leafde út it hert wei, yn in trijedielich pak dus, foar bern dy’t it minder troffen ha yn it libben. Dan ha je net in ‘libben om ‘e nocht’.