contact zoeken wedstrijden

Column (115) Krânse

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Ik ha noch noait sa folle heard oer wat in oar net wit’, sa sei Tjisse Steenstra nei in petear mei Gerrit Okkinga. In prachtich sitaat en as je in oere mei Gerrit Okkinga oer keatsen prate, dan witte je wat Tjisse bedoelt. Fansels wie Okkinga yn Makkum, hoe soe it ek oars. Neffens syn frou Lies hienen se in feest fan soan Germ Okkinga om dy reden ek in dei earder hâlden. Okkinga hâlde yn Makkum efkes it tal bûtenslagen en it tal sitballen fan Gert-Anne van der Bos by. Sa út de holle wienen dat der alve om trettjin. En as je Lies hearre, dan lykje dy getallen in bytsje op harren libben fan de lêste tiid, mei de wachtkeamer yn it sikehûs en it sikehûs sels as it perk fan it libben wêr’t in soad tiid trochbrocht wurdt.
 
Je kinne miskien wol sizze, hoe langer in libben, hoe mear ballen der bûten it perk falle. Op it lêst soenen je hast tinke fan wat foar nut hat in perk noch yn it spultsje dat libben hyt as hast alle ballen dochs bûten de linen falle. Thom Dijkstra fan Wier fertelde yn de rein fan Dokkum doe’t ik fjouwer meter mei him oprûn hoe fier de ballen by him bûten it perk foelen. Dan moatte je dus mei de krite op sjouw om noch in pear ballen binnen de linen te krijen, libbensmoed hyt soks.
 
De oplossing is miskien foar in hiel soad minsken it perk wat te ferlizzen en dan tinke oan de moaie dingen yn it libben. In Haags hopke fan Tietsya van Wieren dy’t de moed der yn hâldt. De leafde foar it spultsje keatsen yn de wurden fan Taeke Triemstra: ‘Ik fyn it sa moai om te dwaan en dan is de lêst ek lichter te dragen’. En dan ha wy it oer in keatser dy’t mei sa folle punten hast ferdwale kin yn eigen krânsen en it dochs noch altiten moai fine.
 
Yn Dokkum reinde it in diel fan de dei, gelokkich reinde it ek droege woarst fan Weidenaar en KV Oostergo wie yn alles attent. De krânse wie net foar Taeke, de blommen dy’t Taeke krige wienen ek net foar him, mar dy wienen ornearre foar hait Reinder. Wat waar oanbelanget wie it mar goed dat it punt of de punten net yn Dokkum helle waarden mar in dei letter yn Ljouwert. Mei de eigen maten, mei krekt wat better waar. Want hoe moai ek foar de túntsjes, rein makket in soad dingen tryst, ek al ferlizze je de perken tsien kear op in dei.
 
It heljen fan it earste plak yn it puntenklassemint like op in perkspiler dy’t 15 meter perk nimt, trouwens sûnder dat dy keatser der wat oan dwaan kin. De lange wei fan Taeke, betiden in wei krekt like hobbelich as de wei nei Rome. Mar de straters hienen der genôch stiennen mei talent, karakter en sportdissipline ynlein. Foar sa folle leafde foar en ‘toewijding’ oan it keatsen past allinne mar in djippe bûging.
 
De oare kant is dat de achterynse mei de hakken op de kwea setten wurdt. It like wol of der neat oars wie, alles wat je oars nea sjogge by it keatsen rûn no op it fjild rûn. En al it oare stie mei de hakken op de kwea krekt lykas Hendrik Kootstra yn Dokkum. ‘Je moatte twa stappen dwaan dan binne dy hege ballen wol te slaan, mar út stilstân falt dat noch net ta’, sa sei hy.
 
En sa stie ek de prestaasje fan in Jurrit Osinga yn Dokkum mei de hakken op de kwea. Wer yn de finale, krekt lykas yn Holwert, mar no mei wat mear kleur op de wangen. Dy finale wie ek de moaiste partij fan de dei, mar der wienen blykber  ingelen op in drone dy’t dat fûnen fan de partij fan Taeke. En dêrmei dogge je oaren te koart.
 
Ek it partoer fan Menno van Zwieten, Gabe Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar stie yn it ‘puntenperk’ yn Minnertsgea mei de hakken op de kwea. Mei in geweldige Van Popta yn it foarperk, mei in partoer dat ‘geweldig stond te kaatsen’ yn de wurden fan Renze Hiemstra. Mar dochs net mear as in ‘voetnoot’ yn de media. Mei de hakken op de kwea dus.
 
Oer in wike de PC, nûmer 170. De lêste foar it perkduo Renze Hiemstra-Hans Wassenaar en dat al sûnt 2015 doe’t se de finale ferlearen. It balgefoel, de emoasjes, de beleving fan dy mannen op de PC. Dat allinne al soe in krânse wurdich wêze. Oer krânsen sprutsen, sil it foar de dames dy’t it yn Makkum wûnen noch ien kear útlizze: in krânse is it ultime symboal fan earbetoan. In krânse moatte je fertsjinje, mei in krânse om ‘e nekke ûnderskiede je jesels as keatsster fan alle oare keatssters. Frijwilligers yn Makkum lizze ‘yn ‘e bocht’ om sa’n krânse te meitsjen, en dat moatte se werom sjen by de winners.
 
‘Ha noch noait sa folle heard oer wat in oar nét wit’, sa sei Tjisse, mar in oar yn de keatswrâld wit wól dat je in krânse net sa mar weijouwe oan bern dy’t der neat foar dien ha. It is gjin boartersguod, je moatte it fertsjinje.
 
De PC nûmer 170 dus soe soks fertsjinje, in dei dat de perken foar ien dei goed lizze foar in hiel soad minsken. In PC dy’t ek dit jier foar in hiel soad minsken in dei wêze sil mei in krânse. Net in krânse fan fertsjinste, mar in krânse om de nekke fan de dei om eigen bûtenslaggen en tsjinslaggen even te ferjitten, in dei ek dat je de perken net hoege te ferlizzen om dochs noch wat wille te ha, in dei dus dat it efkes net reint fan bûtenslagen. En om dy reden dus ek in dei dy’t in krânse fertsjinnet.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers