contact zoeken wedstrijden

Meisjes Door elkaar loten A klasse poule

26 mei 2012 10:00
Goenga
Categorie Meisjes KNKB
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Joustra, W.A.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Alles oan ‘e hang en Pytrik Visser slacht de bal oer alles hinne

Moai waar, hurde wyn en 14 partoer famkes te keatsen yn Goaiïngea, seis partoer yn de A-klasse en 8 partoer yn de B-klasse.

Yn de A-klasse waard pûlkeatst. Hokker twa partoeren soene nei trije kear keatsen de measte punten helje en yn de finale komme? Partoer 4 en 5 fan ‘e list wûnen beide trije kear, dus dat wie dúdlik. Yn de finale gie it oan 3-3 lykop. Doe rûnen Pytrik Visser, Marte Altenburg en Anne-Brecht Bruinsma út nei in 5-3foarsprong. Mar Marrit Zeinstra, Melissa Rianne Hiemstra en Nieke Wateler kamen mei in protte keunst en fleanwurk op gelikense hichte. Yn it lêste earst wienen de bêste papieren foar Zeinstra c.s. nei in 6-2 foarsprong. It waard lykwols 6-6. De lêste bal - poerbêst opslein troch Nieke Wateler - kaam efteryn it perk by Pytrik Visser. Sy rekke de bal fligend: yn ien kear boppe!

De B-klasse wie net minder spannend. It wie suver in regionale finale, mei foaral keatsters út 'e omkriten fan Goaiïngea. Partoer 1 mei pleatslik favoryt Aline Bransma kaam mei 5-2 efter tsjin partoer 5. Troch deeglik keatswurk, gewoan in keats slaan en dan mar wer opslaan en ynbringe, waard it dochs noch 5-5. Yn it lêste earst wie it foaral Elma Breeuwsma dy’t it spul nei har hân sette. Op 5-5 6-2 makke sy mei in boppeslach in ein oan de partij.

A-klas
1. Pytrik Visser (Seisbierrum), Marte Altenburg (Grou) en Anne-Brecht Bruinsma (Wommels)
2. Marrit Zeinstra (Peins), Melissa Rianne Hiemstra (Stiens) en Nieke Wateler (Minnertsgea)

B-klas
1. Rixt Hettinga (Tsjalhuzum), Elma Breeuwsma (Folsgeare) en Natasja Braaksma (Sint Anne)
2. Carla Drijfhout (Poppenwier), Alina Brandsma (Goaijengea) en Rixt Keuning (Wiuwert)
Ferliezersrûnte: 1. Lisa Hofstra (Wjelsryp), Jeanette Jansma (Dronryp) en Martine Miedema (Hilaard)


Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers