contact zoeken wedstrijden

Pupillenmeisjes Door elkaar loten del B+verlr

22 mei 2010 10:00
Easterein
Categorie Pupillenmeisjes KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Nei in wat frisse start de moarns, einige de keatsdei yn Easterein yn de folle sinne. In prachtich oanklaaid fjild en sa’n 40 frijwilligers allegear wer kreas yn de klean. Opfallend wie dat alle dielnimmers fan Folsgeare ek priiswinners wienen. In nij keatsdoarp komt der oan?!

De B-klasse hie in moaie list fan 20 partoeren. Der wie nochal wat bylotsjen nedich om’t der ien ôfmelden wie foar de wedstriid. Yn de heale finale fan de ferliezers winne Rixt Sinnema en Anniek Folkertsma fan Anne-Rixt Cnossen en Ineke vd Ploeg (twa kear bylotte) die dermei in 3e priis ha. Yn de spannende finale wûnen Pytrik Zijlstra en Afke Rijpma de 1e priis troch RIxt en Anniek mei 5-4:6-2 te ferslaan.

De 3e priis by de winners wie foar Anneke Smid en Geke Posthuma. Hja ferlearen fan Sanne Hijlkema en Katinka Zijlstra mei 5-1:6-6. De finale wie tige spannend en alle blokjes fan de telegraaf moasten ophong wurde! Aluca Bouma en Yvonne Eisma hienen in steand nûmer nei’t hja mei 0-5:0-6 yn de 1e omloop, 5-4:6-2 yn de 2e en 5-2:6-6 yn de 3e wûn hienen.
Sanne en Katinka hienen al fjouwer kear keatst (0-5:0-6, 5-5:6-8!, 5-1;6-2, 1-5:6-6) mar makken der tsjin Aluca en Yvonne in moaie striid fan. Op 5-5:6-6 falt de lêste slach yn it foardiel fan Aluca en Yvonne.

B-Klasse
1. Aluca Bouma, Grou en Yvonne Eisma, Tsjom
2. Sanne Hijlkema, Gau en Katinka Zijlstra, Folsgeare
3. Anneke Smid, Wytmarsum en Geke Posthuma, Folsgeare
Ferliezers
1. Pytrik Zijlstra, Folsgeare en Afke Rijpma, Wolsum
2. Rixt Sinnema, Wergea en Anniek Folkertsma, Folsgeare
3. Anne-Rixt Cnossen, Tsjom en Ineke vd Ploeg, Rie

Stiper fan dizze partij is .

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers