Okkema partij alle categoriën Vrije formatie Heren C
Categorie | Heren 3e klasse C/D |
Soort | Vrije formatie |
Vereniging | KF EASTEREIN |
Wedstrijdsecretaris | W. Sjaarda |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Hjoed waar de 35ste Okkemapartij keatst op sportpark De Skoalleseize yn Easterein.
Al 35 jier is Leanbedriuw Okkema de stiper fan dizze partij. Sûnt in foarich jier meie de leden fan de ferienings fan alle Federaasjes yn Fryslân meidwaan oan dizze moaie partij. Troch net safolle opjefte hiene we in list van 19 partoer yn trije klassen. Froulju A, Manlju B & C.
Om 12 oere begûn de partij. We hiene de hiele middei prachtich moai waar. Yn de C-klasse stienen 4 partoer op ’e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Nei twa omlopen wiene der twa partoer dy alles wûn hiene. Dit wiene it partoer fan Oeds Broersma, Roel Sijbesma en Catrinus Kooistra en it partoer fan Eppie Heins, Jelle de Boer en Hendricus Tacoma.
Yn de tredde omloop kamen dizze twa partoeren elkoar tsjin. It waar in spannende ‘finale’ die wûn is troch Eppie, Jelle en Hendricus mei 5-4 6-2.
Al mei al ha we in prachtige 35ste edysje fan de Okkemapartij hân, mei tank oan ús stiper OKKEMA! Op nei de 36ste edysje…
By de foto:
Foar: Gerry Edou Mollema, Hester Kingma en Tjerk Okkema (stiper)
Efter: Hendrik Okkema (stiper), Evert Sjoerd Sijbesma, Sjoerd Hofstee, Nolke Bergstra, Jelle de Boer, Eppie Heins (op de foto mist Hendricus Tacoma)