contact zoeken wedstrijden

Pupillen Door elkaar loten del

3 augustus 2013 10:00
Hartwerd
Categorie (V12)
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV SPUI YN'E WANT
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

By de pupillen famkes sân petoer op’e list. In pear kear bylotsje, mar dochs in flotte partij. In pear spannende partijen mei 5-5. As winners mei mar 5 earsten tsjin yn trije partijen kamen Femke Eisma Boalsert en Iris Cuperus Nylan út’e striid. Twadde wiene Linde Gietema Warkum en Susan Kappeijne van de Capello Nylan. Earste yn’e ferliezers IngeWesselius Warkum en Nynke Groenveld Nylan.

By de pupillen jongens acht petoer op’e list en ek twa kear bylotsje. Hjir waard it spannends keatst fan allegear. Spannende finales tusken Dirk-Henk Kuipers Arum, Sietze Bouma Lollum en Jorrit Tolsma Arum, Silke van der Veen Lollum. Op 5-4 en 6-0 gong de winst nei Dirk-Henk en Sietze. By de ferliezers gong it tusken Hidzer Bogaard Boalsert, Reinder Hindriks Lollum en Germ Pyt van Popta Lollum, Douwe Lycklama á Nijeholt It Heidenskip. Op 5-5 6-6 pakte it petoer fan Hidzer en Reinder de winst troch in sitbal te pleatsen.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers