contact zoeken wedstrijden

Okkema partij Alle categorieën Vrije formatie heren v.f. B

14 juli 2012 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.

Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De findelman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.

Yn de B-klasse stienen 14 partoer op de list. Dermei 4 prizen foar de winners en 2 foar de ferliezers. Alle partoeren wiene goed oan elkoar weage. Eddy de Boer, Anne Bakker en Marco Hoekstra stiene tsjin Arjan Hallema, Anno Galema en Wietse Fopma op 5 earsten gelyk, 6 gelyk. Eddy moast opslaan en witst mei in knappe sitbal de winst te pakken. Op de twadde list kamen se der net oan te pas en ferlearen fan Rene Velzen, Watse Zeinstra en Christian Hoekstra mei 5-0 6-2.

Op de 2e list stiene ek Simon Dijkstra, Bertus Bootsma en Johan v/d Wal tsjin Tjeerd Dijkstra, Stefan van Krimpen en Jan Weijer te keatsen. Dizze partij waard troch in moai boppeslach troch Bertus beslikke op 5-5, 6-6. Troch ek de winst te pakken op de tredde list kamen Bertus en dy yn ’e finale te stean tsjinoer Skelte Hofstra, Klaas Kramer en Jan Fokke Mulder.

Dit waard in spannende partij dy’t einige yn 5-4, 6-2 foar it partoer fan Skelte Hofstra. In knappe prestaasje! Yn de finale fan de ferliezersronde stie it partoer fan Gerrit Terpstra, Hendricus Tacoma en Gerrit Evert Tacoma tsjinoer it partoer fan Geert Couperus, Klaas Kamstra en Simon Kingma. In prachtige partij wêrby it lang beide kanten út koe. It partoer fan Gerrit wie úteinlik it sterkst en wûn mei 5-4, 6-6.

En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!

Manlju B frije formaasje
1e priis: Skelte Hofstra, Klaas Kramer, Jan Fokke Mulder
2e priis: Simon Dijkstra, Bertus Bootsma, Johan v/d Wal
3e priis: Bokke v/d Brug, Lieuwe Jan v/d Brug
3e priis: Rene Velzen, Watse Zeinstra, Christian Hoekstra

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers