contact zoeken wedstrijden

Okkema partij Alle categorieën Vrije formatie heren v.f C

14 juli 2012 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.

Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De findelman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.

Yn de C-klasse stienen 4 partoer op ’e list dy’t yn in poule keatsten om twa prizen. Ek yn dizze poule it partoer fan de haadstiper fan dizze partij, Tjerk, Hindrik en Tjipke Okkema. Yn ’e earste omloop wûnen se knap fan Rink Kuipers, Harmen van Gelderen en Thijs Bijma mei 5-2, 6-6.

En ek op de twadde list diene se knap saken tsjin Broer de Jong, Ulco de Boer en Geert Dozeman en wûnen mei 5-2, 6-2. Op de tredde list kamen se tsjin it oerdeeglik keatsende partoer fan Tjeerd de Boer, Roel Sijbesma en Age v/d Goot. Dit koene de Okkema’s krekt net risse en ferlearen mei 5-5, 6-2. Yn de poule waarden Tjeerd, Roel en Age earste en Tjerk, Hindrik en Tjipke twadde.

En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!

Manlju C frije formaasje
1e priis: Tjeerd de Boer, Roel Sijbesma , Age v/d Goot
2e priis: Tjipke Okkema, Tjerk Okkema, Hindrik Okkema

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers