Jong Feinte Junioren Afdeling
Categorie | Heren junioren KNKB |
Soort | Afdeling |
Vereniging | KF EASTEREIN |
Scheidsrechter | Koldijk, J. |
Wedstrijdsecretaris | W. Sjaarda |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Tsjummearum stie foar de fjirde kear yn de finale fan de Jong-Feinte. Yn 2009 waard ferlern fan Holwert, yn 2010 wûn fan St Anne, yn 2011 waard nei in foarsprong fan 5-1 ferlern fan Frjentsjer. En yn it jier dêr’t Hans en Steven ôfskie namen fan de Jong-Feinte winne se fan St Anne en nimme mei 10 punten ek de lieding oer fan Wytmarsum(8) yn it ôfdielingsklassemint fan de Jong-Feinte.
Finale
St. Anne – Tsjummearum
De wedstriid begjint mei earsten gelyk. Sjoerd en Krijn gean in slach om yn it perk, mar dat jout Arnold neat, hy slacht twa sitballen en it wurd 1-1 0-4. Fan de twa keatsen pakt Tsjummearum ien troch in bûtenslach fan Krijn en St. Anne pakt ien troch in kweaslach fan Steven, 1-1 2-6. Nei in sitbal fan Sjoerd slacht Steven de bal boppe en sa wurd it 1-2. Nei inkele bûtenslagen fan Arnold wurd it twa earsten gelyk. Op 2-2 6-2 slacht Hans de bal kwea en sa binne it trije earsten foar St. Anne. Krijn slacht in keats op 3-2 2-6, mar se hâlde de keats ferfolgens net, trije earsten gelyk. Tsjummearum slacht de keats foarby op 3-3 2-6 wêrtroch se de 3-4 foarsprong nimme. Nei in boppeslach fan Sjoerd en in bûtenslach fan Arnold wurd it 3-4 6-2 en der komt in keats. Sint Anne kin de keats hâlde en sa meitsje se fjouwer earsten gelyk. Hans slacht in bal kwea en in bal boppe: 4-4 4-4. Tsjummearum pakt as earste de fiif earsten troch in kweabal fan Krijn Hiemstra. Ferfolgens pakt Tsjummearum beide keatsen en slacht Arnold in sitbal, mar St. Anne komt noch werom tot 4-5 4-6. Sint Anne hat krekt net genôch oer en Tsjummearum makket it út.
Utslach
27 St Anne - 21 Tsjummearum 4-5 4-6
1.Tsjummearum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar)
2. Sint Anne (Rein Hiemstra, Krijn Hiemstra, Sjoerd de Jong)
3. Dronryp (Wierd Baarda, Jan Sipke Tuinman, Sybren Blanksma)
3. Minnertsgea (Marten Bergsma, Roan-Hein Joostema, Hendrik Kootstra)
Heale finales
Dronryp (26) – Sint Anne (27)
It earste buordsje is foar Sint Anne nei in boppeslach fan Sjoerd de Jong. Dan rint Sint Anne samar út oant in trije earsten foarsprong: 0-3. Op 0-3 6-6 kin Sint Anne de keats net foarby en dêr is dan it earste buordsje foar Dronryp oan ‘e tillegraaf. Yn it folgende earst is it wér 6-6 en wér pakt Dronryp de keats en it wurd 2-3. St. Anne herstelt en se meitsje 2-4. Op 2-4 6-2 slacht Jan Sipke Tuinman de bal boppe en sa wurd it 3-4. It earst dernei giet hurd en it is samar 3-5 foar Sint Anne. Op 3-5 2-6 slacht Sjoerd op en it perk Baarda en Tuinman kin de keats net foarby.
Minnertsgea – Tsjummearum
Yn in spannend 1e earst slacht Arnold in sitbal op 6-6 en sa is it earste buordsje foar Tsjummearum. Op 0-1 4-6 giet de bal fan Minnertsgea kwea en komt Tsjummearum op in spul foarsprong. Ferfolgens wurd it 0-3, mar dan pakt Minnertsgea de 1-3 troch ferskiedene sitballen te meitsjen. Op 1-3 4-6 slacht Hendrik kwea en wurd it 1-4 foar Tsjummearum. Op 1-4 6-6 slacht Steven de keats foarby en pakke se de 1-5 foarsprong. Yn it lêste earst makket Arnold it út troch op 1-5 2-6 in sitbal te slaan.
Utslaggen
26) Dronryp - 27) St Anne 3-5:2-6
7) Minnertsgea - 21) Tsjummearum 1 1-5:2-6
3e omloop
Yn dizze tredde list hat Dronryp in steand nûmer en stiet dêrom al yn ‘e heale finale.
Sint Anne it frij maklik fan Wytmarsum mei 5-1 6-4. De partij tusken Minnertsgea en Wjelsryp wurd spannender. It rint gelyk op oant twa earsten gelyk en dernei nimt Minnertsgea in 4-3 en letter in 5-3 foarsprong. Wjelsryp komt noch werom tot 5-4, mar Minnertsgea makket in einde oan de partij op 5-4 6-2.
Seisbierrum en Tsjummearum keatse om in plakje yn ‘e heale finale. Tsjummearum komt op in foarsprong fan 1-3 mar op 2-3 6-6 slacht Hans Wassenaar de bal kwea en wurd it trije earsten gelyk. Op 3-3 6-6 slacht Pieter van der Schoot de bal bûten en sa wurd it 3-4 foar Tsjummearum. Op 3-4 2-6 slacht Seisbierrum der wêr net yn de bal yn it perk te bringen en it wurd 3-5 foar Tsjummearum. Seisbierrum lit it der net by sitte en op 3-5 6-6 makket Johannes van der Veen in skitterende sitbal wêrtroch se op 4-5 komme. Dan in goed earst foar Seisbierrum troch folle fouten fan Tsjummearum en it wurd fiif earsten gelyk. Op 5-5 6-6, alles oan ‘e hang, slacht Seisbierrum de bal foar en dus wint Tsjummearum. Kompliminten foar de junioren én jongeskeatser fan Seisbierrum!
Utslaggen
27) St Anne - 4) Wytmarsum 5-1:6-4
7) Minnertsgea - 14) Wjelsryp 5-4:6-2
15) Seisbierrum-Pietersbierum - 21) Tsjummearum 1 5-5:6-8
26) Dronryp
Ferslach 2e omloop
Sint Anne treft Beltsum yn de twadde omloop. In spannende partij wat begjint mei 3-1 foarsprong foar Berltsum. Sint Anne komt werom tot 3 earsten gelyk en op 3-3 6-6 slacht Krijn de keats foarby en nimt Sint Anne de foarsprong. Berltsum jout net op en komt sterk werom werby se in 4-5 foarsprong nimme. As Berltsum foarslacht op 6-2 wurd it fiif earsten gelyk. Yn in ferskrikkelik spannend lêste earst, is it Krijn Hiemstra dy’t in tuskenynse sitbal pleatst mei alles oan ‘e hang.
Ek de lêste debutant, Raerd, is fan de list nei ferlies tsjin Wytmarsum mei 5-3 6-6. Boalsert nimt sterk in 1-3 foarsprong tsjin Minnertsgea. Minnertsgea makket nei twa kear 6-6 trije earsten gelyk. Dernei in skjin earst foar Minnertsgea, 4-3 en op 6-4 pakke se de keats, 5-3. Boalsert komt noch 1 earst werom mar dan makket Minnertsgea it út op 5-4 6-2.
De winner fan 2011, Frjentsjer, moat belies jaan tsjin Seisbierrum mei 5-3 6-2. Tsjummearum ek troch nei de tredde omloop troch winst op Wynaam mei 5-3 6-0. Dronryp wint fan Easterlittens mei 5-2 6-4.
Utslaggen
27) St Anne - 1) Berltsum 5-5:8-6
4) Wytmarsum - 5) Raerd 5-3:6-6
7) Minnertsgea - 10) Boalsert 5-4:6-2
12) Tsjummearum 2 - 14) Wjelsryp 1-5:2-6
15) Seisbierrum-Pietersbierum - 18) Frjentsjer 5-3:6-2
20) Wynaam - 21) Tsjummearum 1 3-5:0-6
24) Easterlittens - 26) Dronryp 2-5:4-6
Ferslach 1e omloop
In pear spannende, mar ek minder spannende wedstriden yn de earste list. 6 fan de 7 debutanten ferlieze yn de 1e omloop. De oare debutant, Raerd, wint fan Lollum-Waaksens en giet dêrmei nei de twadde omloop.
De partij tusken Minnertsgea en Sint Jabik gie oant 2-2 gelyk op, mar dan set Minnertsgea in sprint yn. Op 5-2 komt Sint Jabik noch foar mei 0-4, mar op 6-4 slacht Bauke Triemstra bûten.
Boalsert makket daliks dúdlik mei hokker aspiraasjes se nei Easterein kommen binne. Op 0-5 2-6 slacht Arum de keats net foarby.
Tsjummearum 1 werfân Hans en Steven foar de lêste kear meidogge op dizze partij, winne mei 5-0 -6-0 fan Achlum. De jonges fan Achlum stiene om 9.15 al op it fjild, mar it hat se helaas net holpen. Se binne der folgend jier wer by!
It winnende Freulepartoer fan 2011, Seisbierrum, wint ek oertsjûgend mei 5-0 6-6 fan Wommels. Peins stiet op de dea tsjin Wjelsryp mei 3-5 0-6. Mar op 6-6 slacht Wjelsryp bûten. Yn it lêste earst komt Wjelsryp foar mei 2-6 en dan is it Menno dy bûten slacht. Easterein kin it krekt as op it NK net oprêde tsjin Dronryp. Se ferlieze mei 4-5 4-6.
Utslaggen
1) Berltsum - 2) Winsum 5-3:6-2
3) Jellum-Bears - 4) Wytmarsum 4-5:0-6
5) Raerd - 6) Lollum-Waaksens 5-4:6-0
7) Minnertsgea - 8) St Jabik 5-2:6-4
9) Arum - 10) Boalsert 0-5:2-6
11) Eksmoarre - 12) Tsjummearum 2 2-5:0-6
13) Peins - 14) Wjelsryp 4-5:2-6
15) Seisbierrum-Pietersbierum - 16) Wommels 5-0:6-6
17) Menaam - 18) Frjentsjer 1-5:2-6
19) Itens - 20) Wynaam 0-5:6-6
21) Tsjummearum 1 - 22) Achlum 5-0:6-0
23) Tsjom - 24) Easterlittens 0-5:2-6
25) Easterein - 26) Dronryp 4-5:4-6
Foto's Henk Bootsma Fotografie