contact zoeken wedstrijden

Heren 2e klasse Door elkaar loten

19 mei 2012 11:00
Goenga
Categorie Heren 2e klasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

1. Pieter Vogels (Grins), Douwe Anema (Nes D.) en Roel Hoekstra ( Ternaard)
2. Rick Poortstra (Sint Jabik), Willem Heeringa (Tsjummearum) en Johannes van der Veen (Pietersbierrum)
3. Jan Dominicus van der Wal (Dronryp), Wessel Ferwerda (Stiens) en Hielke Miedema (Stiens)
3. Anne Wind (Penjum), Sjoerd Teake Kooistra (Hartwert) en Jan Sjoerd Tolsma (Deinum)

By k.f. De Lege Geaen die men hjoed oan selsregulaasje
We hienen in moaie list mei 14 partoer! Us keatsferiening hie de federaasje A kombinearre mei de 2e klasse KNKB. En dat sûnder skiedsrjjochter. De mannen wienen foar de wedstriiid ynljochte oer de situaasje. Eventuele problemen soenen ûnderling oplost wurde. En dat barde allegearre sûnder wanklank! Fansels wienen der de nedige karmasters op de krusiale punten. By einbeslút levere dizze dei noch in prachtige finale op.

De 'youngsters' Rick Poortstra, Willem Heeringa en Johannes van der Veen namen bretaalwei 4 earsten foarsprong. De rûtinemannen Pieter Vogels c.s. pakten dêrnei flot harren 1e buordsje troch twa boppeslaggen fan harren sels en twa bûtenslaggen fan de tsjinstanners. En se stoomden yn ien kear troch nei in 5-4 foarsprong. It waard noch wol 5-5, mar op 5-5 6-4 wie de winst foar Pieter Vogels en syn maten.

Posityf nijs:
- It keatsen sûnder skiedsrjochter yn de 2e klasse gie poer bêst, kompliment foar de keatsers fan alle frijwilligers fan KF DLG!
- Gerrit Okkinga dy’t op in bysûndere wize de jeugdige keatsers yn ‘e 2e klasse begeliedt; foaral sa trochgean Gerrit en treners fan Arum!
- Federaasje froulju: 7 partoer, federaasje manlju C&B: 9 partoer en KNKB 2e klasse: 14 partoer. In moaie keatsdei yn Goaiingea mei 30 partoer op it fjild!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers