contact zoeken wedstrijden

Okkema party Alle categorieën Vrije formatie Dames A

16 juli 2011 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

33ste Okkemapartij mei 29 partoeren

Op 16 july wie de Okkema Partij, de 33ste kear yn suksessie, op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 29 partoer ferdielt oer 5 klassen (A-B-C klasse manlju, en A-B klasse froulju). Mei útsúndering fan de B-klasse manlju waard der yn poultsjes keatst en koe goed 12.15 oere hast eltsenien los. It grutste part fan de middel lekker keatswaar mar spitich genôch waarden de finales fan de A- en B-klasse manlju yn de rein ferkeatst.

By de froulju dit jier in A- én B-klasse.
Yn de A-klas twa sterke partoeren dy’t yn de lêste poulewedstriid tsjinoer mekoar stiene. Marije Hiemstra, Wiepkje Hiemstra en Sietske Okkema pakten as earsten de 5 buorden mar Cilia Witteveen, Romine Jelsma en Froukje Dijkstra klampten oan en pakten dochs noch de winst op 5-5 6-2 en dermei de krâns.

1. Cilia Witteveen, Romine Jelsma en Froukje Dijkstra
2. Marije Hiemstra, Wiepkje Hiemstra en Sietske Okkema

Tige tank oan stiper Leanbedriuw Okkema en harren assistinsje by de priisútrikking. Dit kear wer prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner.

By de foto. Efter: 4e fan lofst Cilia Witteveen, Froukje Dijkstra, Romine Jelsma

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers