Welpen Door elkaar loten
Categorie | (V10) |
Soort | Door elkaar loten |
Vereniging | |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
By de welpen wienen 7 partoeren, der waard keatst yn in winners- en ferliezersronde. 2 partijen wienen spannend mar der wie ien partij út op 5-0 6-2 Marrit Oosterbaan en Hidde Popma koenen gjin potten brekke tsjin Jelke Bootsma en Nynke Paauw. Mar yn it ferfolch fan de ferliezersronde kamen Marrit en Hidde goed op gang. Foaral yn de finale tsjin Koos v.d. Zee en Janna Kroon hie Marrit in fligende opslach. Sy wûnen doe mei 5-0 6-0.
Jelke en Nynke kamen yn de finale fan de winnersronde te stean, sy kamen tsjinoer Bouwe Overwijk en Amarins Popma. De rivaliteit tusken beide neven is grut en it like earst ek moai lyk op te gean, mar dit kear koenen Bouwe en Amarins goed trochsette, it waard 5-2 6-4 en sa gienen sy mei de krâns nei hús.
Útslag
Welpen: Winnersronde:
1. Bouwe Overwijk , Amarins Popma
2. Jelke Bootsma , Nynke Paauw
Ferliezersronde:
1. Marrit Oosterbaan, Hidde Popma
2. Koos v.d. Zee, Janna Kroon