Pupillen Door elkaar loten
Categorie | (V12) |
Soort | Door elkaar loten |
Vereniging | KV HALD MOED |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Ek by de jongens pupillen 13 nammen op de list en ek dêr moast dus wurke wurde mei bylotsjen. Nei in pear drege partijen gie de finale tusken Arnout Meijer fan Wommels en Rutger Fopma fan Mantgum tsjin Sefan van der Meer fan Baard en Luuk van der Schaar fan Wommels. It like der op dat Arnout en Rutger dat makkelik winne soene, want der hongen samar 5 buordsjes oan de telegraaf, wylst Stefan en Luuk der mar 2 hiene. Dochs waard it noch hiel spannend, want Stefan en Luuk kamen poerbêst werom. It waard 5-3, 5-4 en sels 5-5. Yn dat lêste earst wikselen de kânsen ek wer, want earst kamen Stefan en Luuk foar mei 4 om neat en doe wisten Arnout en Rutger de kop der goed by te hâlden. Op 6-4 achter sloech Stefan kwea en sa gie de winst nei Arnout en Rutger.
Winnersronde
1. Arnout Meijer, Wommels en Rutger Fopma, Mantgum
2. Stefan van der Meer, Baard en Luuk van der Schaar, Wommels
Ferliezersronde
1. Peer de Bakker, Weidum en Wytse Yntema, Wommels