contact zoeken wedstrijden

Senioren Vrije formatie onbeperkt

28 augustus 2011 10:00
Makkum
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KV MAKKUM
Scheidsrechter Kooistra, A.B.
Wedstrijdsecretaris C. van der Weerdt
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Makkum snein 28 augustus‘ 39e Keninklike Tichelaar Partij’!

Makkum 7.30 oere: in moaie blaue loft en de sinne der folop by! Dat liket derop tocht ik by mysels. Mar 9.15 oere de loft lukt ticht en der komt in bats wetter nei ûnderen. Om 10.00 oere by de start fan de ‘Heren Senioren Frije Formaasje’ is it gelokkich wer droech.
It waar yn Fryslân dizze simmer, we kinne der net op oan, mar we hawwe it der mei te dwaan en we kin der neat oan feroarje. Om my hinne hear ik dat der in protte keatspartijen hjoed net troch gean.
It fjild hâldt him knap en we kinne los mei 22 partoeren op’ e list.
De priizen yn dizze partij wurde oanbean troch ‘Keninklike Tichelaar’ te Makkum.

Yn de heale finale stie partoer 2 fan de list, Pieter Bakker, Sjoerd de Jong en Tjibbe Hansma tsjjinoer partoer 6 fan de list, Gosse Beeksma, Hendrik Jan v/d Velde en Frederik van der Meij. It partoer fan Gosse Beeksma liet te folle punten lizze troch de keatsen net foarby te slaan en te folle bûtenslagen. In partij dy’t ek samar foarby wie. Mei in stân fan 5 – 0 oan de telegraaf stie it partoer fan Pieter Bakker yn de finale.
Partoer 15, Jelte Pieter Dijkstra, Siebe Greidanus en Marten Hiemstra, hienen in steand nûmmer en dertroch in finaleplak.
In iensidige finale mei in soad bûtenslagen en boppeslagen fan it partoer fan Jelte Pieter Dijkstra.
Pieter Bakker, Sjoerd de Jong en Tjibbe Hansma waarden yn Makkum op keatslân ‘De Seize” winnaars fan de 39e Keninklike Tichelaar’ partij mei in stân fan 5 – 1 6/0 oan de telegraaf!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers