Jongens Door elkaar loten herkansing
Categorie | Jongens KNKB |
Soort | Door elkaar loten |
Vereniging | KF EASTEREIN |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | W. Sjaarda |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Wedstriidferslach KNKB jonges B klasse t.i.l. + ferl.
Nei inkele feroarings yn de list (troch ôfmeldingen) koene we om 10 oere starte mei 15 partoeren yn de B klasse.
Yn de winnersronde komme Remco Kuperus, Tjitte Folkertsma, Willem Siebe Hilverda yn de finale troch te winne fan Johannes Bonnema, Wybrand Boersma, Gerrit Scharringa mei 5-5:2-6. Yn de oare heale finale is de winst foar Frans Hooper. Mart van der Molen, Doede Rients Okkema mei 3-5:2-6 op Thomas Kuperus, Bert Couperus, Emiel Wijma.
De tige spannende finale bringt alles oan de hang. Op 5-5:6-6 giet de winst nei Remco Kuperus c.s.
1e priis: Remco Kuperus, Tjitte Folkertsma, Willem Siebe Hilverda
2e priis: Frans Hooper. Mart van der Molen, Doede Rients Okkema
3e priis: Johannes Bonnema, Wybrand Boersma, Gerrit Scharringa
3e priis: Thomas Kuperus, Bert Couperus, Emiel Wijma
Yn de herkansingsronde ek al in spannende heale finale. Wietse Fopma, Jesse Rinia, Sander Kingma winne mei alles oan de hang fan Remco Dijkstra, Bouke Fopma, Jorrit Joustra. Yn de oare heale finale binne Patrick Nauta, Marco Weijer, Nies Douwe Yntema mei 5-3:6-4 te sterk foar Dennis Paasen, Romke Kroondijk, Jesper de Groot. Ek yn de finale fan de herkansing wurdt fûleindisch striden en Wietse Fopma c.s. pakke hjir de winst mei 5-4:6-4.
1e priis: Wietse Fopma, Jesse Rinia, Sander Kingma
2e priis: Patrick Nauta, Marco Weijer, Nies Douwe Yntema
In tige slagge keatsdei yn Easterein. Mei tank oan de nije stiper fan K.F. Easterein, ACCON AVM.