contact zoeken wedstrijden

Meisjes Afdeling

15 mei 2011 11:00
Easterein
Categorie Meisjes KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Baarsma, F.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

1e St. Annaparochie
2e Deinum
3e Sexbierum-Pietersbierum
3e Easterein1

Hulde oan ús frijwilligers. We hawwe it droech hâlden, mar kâld wie it wol. Ek ûndanks de fuotbalperikelen wienen der genôch minsken en sa hâlde je in flot ferrin fan de partijen.

De famkes hawwe harren fan de goeie kant sjen litten. Der waard goed keatst en fuort net opjoen by efterstân. Ek foar it publyk (hokker genôch oanwêzich wie) is dizze kategory in aardichhied om nei te sjen, want triktrakjes yn it tuskenspul ûntbrekke der net oan.

St. Annaparochie kaam as sterkste út de striid. Sy wûnen de 1e omloop fan Dronrijp mei 3-5 6-6, de 2e omloop fan Wier mei 0-5 2-6 en de heale finale tsjin Sexbierum-Pietersbierum mei 5-0 6-6. Yn de finale namen se it op tsjin Deinum die’t de 1e omloop mei 5-1 6-4 wûn fan Wommels. De 2e omloop tsjin Easterein3 waard 0-5 4-6 en de heale finale tsjin Easterein1 wûnen se mei 5-2 6-6. It gong yn de finale lyk op, mar op 3-3 6-6 like der in brekpunt te wêzen doe’t St. Annaparochie in sitbal sloech en de fjouwer buorden pakten. Deinum hat net mear in earst hân en sa wûn St. Annaparochie mei 5-3 6-4.

Alle famkes lokwinske mei harren priis, sulveren kettinkjes oanbean troch B. Sandstra Handel, Transport en Opslag.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers