Alle categorieën Door elkaar loten del heren BC
Categorie | Alle categorieën (V) |
Soort | Door elkaar loten |
Vereniging | KF DE LEGE GEAEN |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
“Ús pake hat de krâns en in iisbaan!”
De útslaggen.
Federaasje manlju B/C t.i.l. (8 partoer):
1. Johan van der Wal (Folsgeare), Tjeerd de Boer (Deinum) en Joost Schaap (Turns)
2. Bertus Bootsma (Wommels), Klaas Wybrandi (Loaiïngea) en Romke Schaap (Turns)
Ferliezersrûnte: 1. Evert Sijbesma (Sibrandabuorren), Jacob Bijlsma (Skearnegoutum) en Ype Bonnema (Nijlân)
2. Nolke Bergstra (Grou), Johan Boorsma (Skearnegoutum) en Auke Koopmans (Boalsert)
Federaasje froulju t.i.l. (4 partoer):
1. Margriet Adema (Gau) en Petra Schaap (Turns)
2. Janneke Terpstra (Wolsum) en Ria Schaap (Turns)
Hjoed waard yn Goaiïngea in federaasjepartij troch-elkoar-lotsjen tegearre mei in KNKB-senioarewedstriid ferkeatst. Dizze Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij wie in primeur yn it Fryske keatslân en wiswier foar werhelling fetber.
By it federaasjekeatsen wie it foaral in famylje-Schaap-oangelegenheid. Mei 5-2 en 6-6 oan ‘e tillegraaf wie it opslagger Joost Schaap fan Turns sels dy’t foarynse soan Romke te plak sette. It ûntlokke in blokjerinnende pakesizzer de útspraak: “Us pake hat in krans, en in iisbaan…..”
By de froulju fochten de skoandochters van Joost Schaap in net minder felle striid út. Hjir snipte Petra Schaap de blommekrâns en moast Ria genôch nimme mei in twadde plak.