contact zoeken wedstrijden

Senioren Vrije formatie vf

22 augustus 2010 10:00
Makkum
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KV MAKKUM
Scheidsrechter Zee, van der H.
Wedstrijdsecretaris C. van der Weerdt
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

38e Koninklijke Tichelaar Partij yn Makkum

Snein 22 augustus: ‘Goed keatswaar’ op it keatslân ‘De Seize’ yn Makkum. Sa no en dan in lyts buike mar it koe der op troch.
Op it programma foar dizze snein stie de partij foar de ‘Heren Senioren Vrije Formatie’ op de agenda. De 4 priizen foar dizze partij, sierierdewurk mar ek de kransen, waarden oanbean troch ‘Koninklijke Tichelaar Makkum’.
In partij mei 15 partoer op’e list. Ek in partij sûnder ferliezersronde, dus de mannen moasten drekt op skerp.

De earste partij yn de heale finale stie partoer 2: Jelmer Hofstee, Jacob Zaagemans en Aloys Freitag tsjinoer partoer 4: Gosse Beeksma, Hendrik Jan van der Velde en Frederik van der Meij. De partij waard wûn mei 5 – 1 troch it partoer fan Gosse Beeksma. It partoer fan Jelmer Hofstee hie yn it perk te folle kweaslagen en twa kear mei seis gelyk gie it earst nei it partoer fan Gosse Beeksma.
De twadde partij yn dizze heale finale stie partoer 7: Bauke Triemstra, Hillebrand Visser en Hendrik Kooistra tsjinoer partoer 12: Arnold Zijlstra, René Anema en Thomas van Zuiden. Unferwacht, mar al rille gau, in foarsprong foar it partoer fan Bauke Triemstra. Mei in bûtenslach fan Arnold Zijlstra wûn it partoer fan Bauke Triemstra, dit seizoen foar de earste kear, de partij tsjin it partoer fan Arnold Zijlstra mei in stân
fan 5 – 2. Sa kaam it dat it partoer fan Gosse Beeksma in de finale kaam te keatsen tsjin it partoer fan Bauke Triemstra. It gie gelyk op yn dizze finale mar it iene partoer joech wol mear lûd as it oare partoer. ‘Net te benaud allee brâne’, sa stjoerde Bauke syn maten oan. It waard in spannende partij mei 5 earsten gelyk. Mei in boppeslach fan Hillebrand Visser lûkte partoer 7 de oerwinning nei him ta!
Alwer in moaie keatsdei op keatslân ‘De Seize’ yn Makkum.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers