Schoolmeisjes Door elkaar loten del B+verlr
Categorie | Schoolmeisjes KNKB |
Soort | Door elkaar loten |
Vereniging | KF EASTEREIN |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | W. Sjaarda |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Under dochs tsjinfallende waarsomstannigheden, droech mar bewolkt en gjin 26 graden, koenen om 10.00 oere de skoalfamkes B klasse under lieding fan klubskiedsrjochter Wiepkje Hiemstra keatse yn in list mei 15 partoer. Helaas wie der 1 ofmelding en dertroch moast der 4 kear bylotte wurde. Yn de earste omloop blykt dat de partoeren goed oan inoar weache binne. Mei 4 kear op 5-5, werfan 1 op 6-6, wurdt der spannend keatst. Ek yn de twadde omloop wurdt der 3 kear op 5-5 keatst en wer in kear op 6-6. Foar de frijwilligers en alders leuk om nei te sjen. Yn de heale finales wurde de ferskillen al wat grutter. Yn de winnersronde treffen partoeren 15; Nieske Hoekstra en Akkelyna de Haan en 5; Jeanette Jansma en Janine Reekers en 10; Hendrieke van der Schoot en Vera Eekma en 11; Elma Breeuwsma en Alina Brandsma inoar, yn de ferliezersronde binne dit partoeren 13; Janneke Ennema en Corina de Vries en 4; Ilse Tuinenga en Anja Kuik en 6; Anne van der Hem en Sanne Rixt Jorritsma en 12; Rixt Keuning en Sakia Leistra. Partoeren 5 en 10 winne beide mei 5-2, partoer 4 mei 5-1 en partoer 12 mei 5-4. De finales binne ek net spannend mear te neamen. Yn de winnersronde wint partoer 10 mei 5-2 6-0 fan partoer 5 en yn de ferliezersronde wint partoer 4 mei 5-0 6-4 fan partoer 12. Hjirmei is de wedstriid om 15.00 oere al dien, kinne guons noch boadskippen dwaan en kin elts tefreden nei hus.
1e priis: Hendrieke van der Schoot, Seisbierrum en Vera Eekma, Boalsert
2e priis: Jeanette Jansma, Dronryp en Janine Reekers, Ljouwert
3e priis: Nieske Hoekstra, Reahus en Akkelyna de Haan, Wier
3e priis: Elma Breeuwsma, Folsgeare en Alina Brandsma, Goaiingea
1e priis ferl. Ilse Tuinenga, Berltsum en Anja Kuik, Bitgum
2e priis ferl. Rixt Keuning, Wiuwert en Saskia Leistra, Tsjummearum