contact zoeken wedstrijden

Jong Feinten Junioren Afdeling afd

28 juli 2010 11:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Wierstra, D.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Wedstriidferslach Jong-Feinte 28-7-2010

Jong Feinten en Jong-Fammen

Op de sechsde edysje fan de Jong-Feinte krigen de trije Jong-Feinten fan Tsjummearum de krânsen omhongen fan de trije Jong-Fammen fan Ie. Dit nije inisjatyf yn gearwurking mei Mantgum foel goed yn de smaak by publyk en de Jong-Feinten.

De 4e woansdei fan july wie in prachtige Jong-Feintedei. Alles op ien fjild, it waar siet geweldich mei. Foar de nije foarsitter Germ Kooistra syn earste Jong-Feinte en tegearre mei syn bestjoer makke hy der mei de keatsers, publyk, bestjoer, skare frijwilligers (± 75) en skiedsrjochters in tige slagge dei fan.

Skiedsrjochters Durk Wierstra en Rients Braaksma wize tsjin alven de karmasters harren plak ta en yn de twa fjilden mei 3 perken gie striid om de Sulveren Leest los. De fiif debutanten yn 2010 wienen Bitgum, Deinum, Seisbierrum-Pietersbierrum, Wjelsryp 2 en Wjelsryp 3. Sa binne der no 45 ferskate ferienings op de Jong-Feinte west. Tsjummearum, Makkum 1, Dronryp, St Jacob, Easterein 1 en Wommels 1 dienen alle 6 kear mei. Yn 2005 en 2006 wûn Wytmarsum. Yn 2007 Makkum en yn 2008 en 2009 Holwert.

Yn 2010 wint Tsjummearum mei Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar, mei begelieder Wim Seepma, de Jong-Feinte. In prima prestaasje sjoen de ferienings wer se fan wûn ha. De kreaker tsjin Makkum (4-5:4-6), Easterlittens (1-5:6-6), Dronryp (5-2:6-2), Makkum 2 (5-2:6-2) en yn de finale St Anne (2-5:0-6). Alle edysjes dielnaam en de Sulveren Leest no nei Tsjummearum.
De krânsen waarden dus omhinge troch de trije Jong-Fammen fan Ie, Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. Ie wûn de Jong-Fammen yn Mantgum en wienen troch Easterein útnoege. De Jong-Feinten wienen der tige mei ynnommen. Jan Hiemstra rikke de Sulveren Leest út oan begelieder Wim Seepma en naam die mei de kompliminten yn ûntfangst.

En ek twa nije priiswinners. Makkum 2 mei Rienk Veltman, Hendrik Jan van der Velde en Steven van Gorssel winne de 3e priis. Se winne fan Itens (1-5:2-6), Easterein 1 (5-5:4-6) en Harns (5-4:6-0) en ferlieze fan Tsjummearum (5-2:6-2).
St Anne wie ferline jier winner fan it NK Jonges yn Easterein en no in 2e priis op de Jong-Feinte. Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Jeroen Westra ha mei begelieder Keizer wûn fan Wynaam (5-1:6-2), Wjelsryp 1 (5-4:6-4), Boalsert (5-3:6-4) en doe, nei in steand nûmer, ferlern yn de finale fan Tsjummearum (2-5:0-6).

Nei in reinige edysje yn 2005, in smoarhjitte yn 2006, no al fjouwer jier prachtich waar op de Jong-Feintedei. De belangstelling fan it publyk bliuwt geweldich.

1e omloop: Easterlittens - Anjum 5-5:6-4; Makkum - Tsjummearum 4-5:4-6; Goaiïngea - Dronryp 1-5:4-6; Wommels - Easterein 2 5-2:6-2; Bitgum - Easterein 1 1-5:4-6; Itens - Makkum 2 1-5:2-6; Seisbierrum - Deinum 5-1:6-0; Harns - Ternaard 5-3:6-2; St. Anne - Wynaam 5-1:6-2; Wjelsryp 2 - Wjelsryp 1 1-5:4-6; Boalsert - Weidum 5-0:6-0; Wjelsryp 3 - St. Jacob 5-2:6-6. 2e omloop: Easterlittens - Tsjummearum 1-5:6-6; Dronryp - Wommels 5-4:6-0; Easterein 1 - Makkum 2 5-5:4-6; Seisbierrum - Harns 1-5:6-6; St. Anne - Wjelsryp 1 5-4:6-4; Boalsert - St. Jacob 5-3:6-2. 3e omloop: Tsjummearum - Dronryp 5-2:6-2; Makkum 2 - Harns 5-4:6-0; St. Anne - Boalsert 5-3:6-4.
Heale finale: Tsjummearum - Makkum 2 5-2:6-2; St. Anne frij. Finale: St. Anne - Tsjummearum 2-5:0-6.

1 Tsjummearum: Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar
2 St Anne: Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat, Jeroen Westra
3 Makkum 2: Rienk Veltman, Hendrik Jan vd Velde, Steven van Gorssel

Wiidweidich ferslach, útslach en foto’s op www.kfeasterein.nl

Foto's Henk Bootsma Fotografie

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers