contact zoeken wedstrijden

Senioren Door elkaar loten del

19 juli 2010 11:00
Makkum
Categorie Heren 2e klasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV MAKKUM
Wedstrijdsecretaris C. van der Weerdt
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

‘De 19de Douwe Blanksma partij’!

Moandei 19 july de tredde keatsdei op riege fan de ‘Makkumer Merke’ .
Mei de sinne heech oan’e loft en de Fryske flage yn top!
It keatslân ‘De Seize’ lei der wer prachtich bij. De lyntsjes wer strak, de banken lâns de kant,de telegrafen te plak, alles klear foar de KNKB Senioren d.e.l. partij.
Wat kin in keatsleafhawwer noch mear winskje!
Repko Sportprijzen (Fam.Blanksma) soarge foar de priizen yn dizze partij. Fam.Freitag stie yn dizze partij foar de kransen.
Op de list stienen 11 partoer. Tsien senioren út Makkum hienen harren opjûn foar dizze partij. Hast it tredde part fan de opjefte, mar jammer genoch net ien fan allen yn de priizen.
Yn de heale finale stienen partoer 2:Pieter van Althuis, Pytrik Hiemstra en Sip-Jaap Bos tsjinoer partoer 4: Michel van der Veen, Jelte Pieter Dijkstra en Thomas van Zuiden. Der waard fûl keatst oan beide kanten, mar partoer 4 lúts de oerwinning nei harren ta, mei in boppeslach fan Michel van der Veen mei in stân fan 3 – 5 4/6.
Yn finale stienen partoer 7: Feiko Broersma, Hein Spindelaar en Peter de Boer tsjinoer it partoer fan Michel van der Veen. It partoer fan Feike keatse sawat foutleas en mei de keats foarbij, troch Peter de Boer, wûnen sij de partij mei in stân fan 5 – 2 6/4
De keningspriis fan dizze 19de Douwe Blanksma partij wie foar Feike Broersma. Sterk yn it perk mar ek bij de opslach! Sa kaam der in ein oan de keatserij op it lân, mar it ‘Merkefeest’ gie noch troch yn ‘e tinte.

KV Makkum wurdearret, dizze moarn, de besite fan de KNKB. Rjochtstreeks kommunisearje jout helderens en dúdelikheid. Yn oerlis mei syn bestjoer hat de foarsitter, Warren van der Veen, om 13.35 oere de KNKB flage wer omheech lútsen!

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers