Schooljongens Afdeling Competitie afd comp
Categorie | Schooljongens KNKB |
Soort | Afdeling Competitie |
Vereniging | KF WOMMELS |
Wedstrijdsecretaris | |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Schooljongens afdelingscompetitie te Wommels
Acht poules, 25 krânsen, trije fjilden,trettjen perken, koart gers, flaggen yn de top en it kin heve!
Freed te jûn brekt de sinne dy deis foar it earst in kear troch en giet ús feste ploech perlklizzers yn aksje. Jûns kontakt mei de lottingsploech dat der in flater yn de list sit, mar it kin noch ferholpen wurde! Anske ús ponghalder stint oer in komputer programma en it skynt de oare deis te wurkjen!
Sneon begjint us kantinebaas al ier en betiid mei de tarieding, hij is dizze kear earder as ús materialenman en lit dit hem dan ek goed hearre! Healwei njoggenen komt de earste keatser út it Wommelser partoer en jussies letter de skeids en dan begjint de trein te riden.
We moasten noch ien krans bij meitsje litte omdat der bij de leste priiswinner 4 nammen op papier stiene.
Om trije oere wiene de priizen ferdielt! Keatsers bedankt foar de sportieve striid en alle minsken dy’t der oan bijdroegen ha om dizze dei slagje te litten!
Poule A Berlikum1 Dronryp1 Sexbierum en Witmarsum.
De earste trije mei els 15 earsten foar. Berlikum wint hjoed 3 x en wurd derom earste
1 Berlikum
2 Sexbierum
Poule B Makkum, Minnertsga, Grou en Wommels.
Makkum boppe oan yn de rige mar Grou hat hjoed de “drive”. 3 x winst
1 Grou
2 Minnertsga.
Poule C Easterein, Easterlittens, Jorwert en KNKB partoer
Easterlittens hie him dizze wike al ôfmeld yfm sykte.Easterein wint beide partijen.
1 Easterein
2 KNKB partoer. Laas Pieter van Straten, Jari Braaaksma en Auke Boomsma.
Poule D Arum, St Jacobiparochie, Franeker en Stiens.
Arum stie boppe oan en wie hjoed ek de sterkste. St Jacob ferlear fan Frensjer mar pakte oer de dei wol like folle easten.
1 Arum
2 St Jacobiparochie.
Poule E Wjelsryp, Menaldum, Dronrijp2 en Berlikum 2.
Hjir stuts oan’t hjoed ta Wjelsryp der bopppe ut mar Dronryp 2 hie hjoed syn dei en
Wûn 3 x.
1 Dronryp 2
2 Wjelsryp.
Poule F Itens, Engelum, Raerd en Ysbrechtum
Raerd wie hjoed yn de poule ek ûnferslaanber mar koe Itens net mear bijhelje!
1 Itens
2 Raerd.
Poule G Franeker, Easterein 2, Berlikum en Lekkum.
Om’t Lekkum har ek ôfmelden hie koe ek hjir yn ien perk keatst wurde.
Frensjer wûn twa kear en Easterein ien kear winst en in x mei 5 earsten gelyk
Ferlern.
1 Franeker
2 Easterein 2