Senioren Vrije formatie
Categorie | Heren 2e klasse |
Soort | Vrije formatie |
Vereniging | KF EASTEREIN |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | W. Sjaarda |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
KNKB Senioaren frije formaasje
Hjoed stie wer in prachtige partij op de aginda foar keatsferiening Easterein, de senioaren frije formaasje. Dizze partij, stipe troch Grafische Groep van der Eems, stie ûnder lieding fan skiedsrjochters Jetse Heeringa en ús eigen klupskiedsrjochter Sipke Hiemstra. Om goed 11 oere gie it los. Dat der goed lotte wie waard yn de earste omloop al gau dúdlik want fan de 9 partijen waarden der mar leafst 6 partijen pas op 5-4 as 5-5 beslikke. Twa kear sels mei ‘alles oan de hang’. Yn de twadde en tredde omloop sette dit bield him troch en foel der foar it rom oanwêzige publyk genôch te genietsjen.
Op de tredde list gie de earste partij tusken Jelmer Hofstee, Michel van der Veen en Johannes Boersma tsjin it partoer fan Site Ferwerda, Gerrit Meijer en Dennis Wijnjeterp. Dit wie in tige spannende partij dy't pas op 5-5 6-2 beslist waard yn it foardiel fan Jelmer Hofstee c.s. De twadde partij brocht de partoeren fan Jan Dirk de Groot, Erik Haitsma en Marten Hiemstra en Jelle Jaap Stiemsma, Wiebe Wessel Bos en Sip Jaap Bos tsjinoer mekoar. Uteinlik wisten Jan Dirk de Groot c.s. op 5-3 en 6-4 de winst nei harren ta te lûken en stapten dermei as earste partoer yn de finale. Sy hienen op de 4e list in steand nûmer.
De heale finale gie tusken it Eastereinder partoer fan Feite de Haan, Robert Sijbesma en Gert Jan Hiemstra, nei in steand nûmer op de tredde list, tsjinoer it partoer fan Jelmer Hofstee c.s. Fan de 8 ferspiele earsten waard it mar leafst 5 kear seis gelyk. Op de stân fan 5-2 6-4 wie it Feite de Haan dy't mei in foarslach de partij eindige. Mar in knap resultaat fan dizze erfaren mannen want sy wisten yn de 1e omloop ferrassend te winnen fan it 1e klas partoer Robert Rinia, Marten Faber en Aloys Freitag mei 5-4 en 6-6.
De finale waard in striid tusken de 1e klas partoeren fan Jan Dirk de Groot c.s. en Jelmer Hofstee c.s. Nei in stân fan 3-1 foar Jelmer Hofstee c.s. setten Jan Dirk de Groot c.s. oan en kamen op 3-3 gelyk. Uteinlink wisten sy ek de winst ek te beheljen nei dat Jan Dirk de Groot de keats behâlde koe troch Michel van der Veen ta in kweaslach te dwingen op de stân fan 5-3 en 6-2.
It wie yndie ek ien fan de lêste wedstriden fan Jetse Heeringa. Ien fan de bêste skiedsrjochters fan de KNKB. Mei it ôfskie fan Jetse ferlieze we in goede skiedsrjochter en in leafhawwer fan it spultsje en omballingen!
De útslach op rige:
1. Jan Dirk de Groot, Bûtenpost, Erik Haitsma, Wommels, Marten Hiemstra, Rie
2. Jelmer Hofstee, Wjelsryp, Michel v.d. Veen, Frjentsjer, Johannes Boersma, Winsum
3. Feite de Haan. Easterein. Robert Sijbesma, Easterein, Gert Jan Hiemstra, Easterein