Welpenjongens Door elkaar loten B met verliezer
Categorie | Welpenjongens KNKB |
Soort | Door elkaar loten |
Vereniging | KV DE POMPEBLEDDEN |
Scheidsrechter | Clubscheidsrechter, |
Wedstrijdsecretaris | |
Locatie | Kaart |
Wedstrijdverslag
Op ús Masters party hawwe wy it net faak troffen mei it waar, ek dit jier wie it wer mis. Mar lokkich hat eltsenien hjoed sjen kinnen dat ek yn it Hearrenfean de sinne op it keatsfjild skine kin.
Neist it moaie waar hienen we lokkich ek genôch frijwilligers om de linen te besetten en hienen ús eigen klupskiedsrjochters Arend Hofstra en Sjoerd Nauta de jeugd de hiele dei goed ûnder de tomme. Derneist soarge DJ Jappie wer foar in prachtich stikje muzyk, hat Janke wer in pear prachtige krânsen makke en hienen Appie en Arend it fjild der wer kreas hinne lein.
Natuerlik matst der dan ek noch keatst wurde, mar dat barde dan ek! It wie hjoed wer prachtich om te sjen dat der safolle jonkjes al op sa'n heech nivo oan it keatsen binne. Guonnen binne no al bloedfanatyk, dat dat belooft noch wat foar de takomst.
Yn de A-klasse wienen der fjouwer partoer en waard der poule keatst. Yn de leste party keatsten de potinsjele priiswinners tsjin elkoar. It partoer fan Sander Gerbrandy en Marc Burger luts derby oan it langste ein en pakten de earste priis. Sy fersloegen it partoer fan Tom Gerard Cats en Libbe Mud dy’t twadde waard. Sander sloech sa no en dan fanut it achterperk de ballen fier oer de boppe en sels de sterke opslach fan Libbe koe der net tsjin op.
Yn de B-klasse wienen der 13 partoer en hienen wy yn de winnersronde fjouwer prizen.
De 1e priis wie foar Hedser Mud en Durk Ennema. En meinamen de sterke opslach fan Durk soarge derfoar dat sy de finale makkelik mei 5-1 koenen winne. De twadde priis wie foar Arjan Hofstra en Sierd Bottinga. Derneist wienen der noch twa tredde prizen foar Lars Onrust en Han van Dijk en it partoer fan Bote Groen en Corne Tuinenga.
Yn de ferliezersronde waard it yn de finale noch spannend. Nei in 5-3 foarsprong foar it partoer fan Stefan van der Meer en Mike van der Berg, kaam it partoer fan Djurre Seerden en Patrick van Deilen werom oant 5-5. Úteinlik matsten de lesten dôchs belies jaan op 5-5 en 6-4 en sadwaande waard it partoer fan Stefan en Mike dôchs noch earste.
Moai om te sjen dat de welpen hjoed sa best keatst hawwe yn it Hearrenfean. Mar it wie hielendal in top dei foar Wergea, die trije prizen mei nei hûs ta naam.
Wy gean der fan út dat eltsenien takom jier wer fan de party wêze sil en dan hoopje wy ek dat der ien of twa fan ús eigen jeugd op de list stean sil.