contact zoeken wedstrijden

Jong Feinten Junioren Jong Feinten afdeling

22 juli 2009 11:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Jong Feinte
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Holwert wint 5e edysje fan de Jong-Feinte!

Mei 5-2:6-0 wienen Gert Anne van der Bos, Rudolf Soepboer en Hindrik-Jan de Haan te sterk foar Tsjummearum. It ferskil waard makke troch de opslach fan Gert Anne. It lêste earst wienen 4 sitballen fan Gert Anne. Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin winne foar it earst in priis op de Jong-Feinte. In prachtige 2e priis. Tsjummearum begjint wol mei in 1-0 foarsprong, mar dernei rint Holwert hurd út nei de 5-1. Op 4-4 slacht Hans in sitbal. Op 4-6 slacht Gert Anne op. Steven slacht heech út en Gert Anne kin retourneare. Mar Hans slacht dan strak oer de grûn de keats foarby, 5-2. Mar it lêste earst wie foar de grutte man fan de opslach dit seizoen. It perk krige gjin fet op syn ballen, sels net mei wiksels. Holwert wint dus lykas yn 2008 de Sulveren Leest.

Letter mear ferslach op www.kfeasterein.nl en fansels foto’s fan û.o. Henk Bootsma.

Utslach finale
24 Tsjummearum - 20 Holwert 2-5:0-6


Yn Easterein, op de 5e Jong-Feinte krije we in finale tusken Tsjummearum en Holwert. Nei twa sinderende heale finales wer de opslach de oerhân hie hoopje we ek op in spannende finale. Dizze twa partoeren stienen yn maaie op it Sjûkelân ek al tsjinoer inoar en doe wie Tsjummearum de winner.

Dronryp en Wommels pakke lykas yn 2009 in 3e priis. Oant 4-4 giet it gelyk op. Tsjummearum pakt earst de 5-4, mar op 6-6 slacht Arnold de bal buten. It leste earst ferrint frjemd en spannend. Arnold slacht 2 prachtige sitballen, om dernei 2 foar en 1 bûten te goaien, 4-6. Steven slacht dan op en Johan slacht kwea ut, 6-6. Dan komt der in keats die Johan opslacht, mar krekt bûten.

Wommels stiet mei 2-5 efter , mar dan rint de opslach efkes wat minder fan Rudolf en Gert Anne. Wommels komt op 3-5 en sels op 4-5 as Gert Anne bûten slacht. Ek dernei mist hy in oantal kearen it perk. Op 6-2 slacht Rudolf de bal boppe fan Redmer, 6-4. Dernei slacht Gert Anne twa ûnwierskynlike sitballen en winne de partij mei 4-5:6-6. Wommels wer yn de prizen, mar hienen graach de finale yn gien.

Utslach heale finale
24 Tsjummearum - 2 Dronryp 5-5:6-6
5 Wommels - 20 Holwert 4-5:6-6


De heale finales binne bekind. Tsjummearum mei it opnimme tsjin Dronryp (ferline jier in 3e priis) en Wommels keatst tsjin Holwert (winner fan 2008). Om 15.15 oere wie de 3e list ferkeatst. It giet hurd en dat sjogge we fansels werom yn de grutte útslaggen.

Ingelum koe it net risse tsjin Dronryp die no better stienen te keatsen. It wurdt 3-5:6-6 as Marinus de bal op it tou slacht. Wommels tsjin Easterein II. Danny, Jan en Ewout stienen hjoed prima te keatsten en mear dan de 3e omloop siet der net yn. Se ha har goed sjen litten en heare noch faker op de listen thús fan de KNKB. Wommels keatst degelik nei de 5-1:6-6 winst.
Hartwert sloech Wjeslryp der fliegend of, mar tsjin Holwert koenen hja net tsjin, foaral it opslachgeweld en knappe útslach (Gert Anne en Rudolf) en boppewurk fan Rudolf op. Hindrik Jan balkearde yn dizze omloop. Hartwert dus krekt foar de prizen der of, 5-1:6-6as de keats foarby slein wurdt.

Foto's:Henk Bootsma Fotografie

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers