contact zoeken wedstrijden

Jongens Afdeling

23 mei 2009 10:00
Mantgum
Categorie Jongens KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF JACOB KLAVER
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Neffens waarnimmend foarsitter Geart Oostra wie it “in moaie keatserij op de oant no ta moaiste dei fan it jier.” Der waard yndie keatst ûnder perfekte waarsomstannichheden. Hast gjin wyn, en in temperatuer fan sa’n 20 graden. De jonges wienen yn de earste omlopen noch wat sleau, mar doe’t ien kear de skiep fan de bokken skieden wienen, gie it oan en waard der fûl en goed keatst.
Minnertsgea mei as sterke man Hendrik Kootstra gie hiel lang mei. Nei St. Jabik (5-2 + 6-0) wûnen sy fan Boalsert (5-3 + 6-0) mar krigen it frjemd genôch hiel dreech tsjin it twatal fan Frjentsjer (5-5 + 6-0). Yn de heale finale moasten sy op de stân 2-5 en 6-6 belies jaan tsjin it deeglik keatsende trio fan Easterein. Hendrik Kootstra, “de nije reus fan Minnertsgea”, fertsjinnet in grut komplimint foar de wize hoe’t er omgie mei syn twa jonge en wat minder talintfolle maten en dêrtroch it heechste der út helle wat der hjoed yn siet. In tredde priis wie úteinlik har diel.
Yn de finale stienen de partoeren fan St. Anne en it jubilearjende Easterein. Easterein hat op it each net in partoer mei útsjittende kwaliteiten. Mar hja binne alle trije deeglik en ha yn Sicco Scheltema in “rakker” oan de stuit. Yn de earste omloop wûnen sy fan Weidum (5-2 + 6-0) en dêrnei fan Jelsum/Koarnjum (5-2 + 6-4), Tsjummearum (5-3 + 6-2) en fan Minnertsgea (5-2 + 6-6). St. Anne kaam yn de finale troch te winnen fan Ysbrechtum (5-1 + 6-2), Harns (5-4 + 6-2), en it sterke partoer fan Wjelsryp (5-4 + 6-0).
It soe in hiele moaie finale wurde mei sterk wikseljende kânsen. Om en om waarden de earsten ferdielt. Yn it begjin hie St. Anne de bettere papieren mar doe’t Jeroen Westra healwei de partij begûn te knoffeljen oan de stuit, krige Easterein it earst de fiif buordsjes. It waard dochs fiif earsten gelyk en it like in partij te wurden mei alles “oan de hang”. Mar dêr tocht Krijn Hiemstra eefkes oars oer en syn boppeslach mei dêrnei noch in grouwe keats by de boppe joegen de trochslach. Mei in skroeier op de foarynse makke Sjoerd de Jong de partij út en gienen de krânsen mei nei It Bildt.

Ûtslach jonges ôfdieling:
1. St. Anne: Jeroen Westra, Sjoerd de Jong, Krijn Hiemstra.
2. Easterein: Sicco Scheltema, Jan de Boer, Carlo Booms
3. Minnertsgea: Sjoerd Janzen, Roan-Hein Joostema, Hendrik Kootstra

Ûtslach jonges t.i.l. (poule fan 4 partoer)
1. Jordy Miedema St. Anne, Titus Witteveen, Schettens, Arjan Hallema Easterein
2. Auke G. Ybema Ferwoude, Haye Jan Nicolay Britsum

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers