contact zoeken wedstrijden

Pupillenjongens Door elkaar loten A klasse A

16 mei 2009 10:00
Goenga
Categorie Pupillenjongens KNKB
Soort Door elkaar loten A-klasse
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Droech waar, in stevige wyn, it koe minder, maar de jeugd yn de A-klas fan de pupillen jonges hie it der somtiden dreech mei: oan de opslach in protte bûten en foar en yn it perk samar delflappende ballen.
De seis partoeren spilen in lytse kompetysje: der wie trije kear lotte. Nei twa omlopen wie de 'finalepartij' tusken de partoeren dy't twa kear wûn hienen: Kevin Jordi Hiemstra mei Mark Jan IJkema tsjin Evert Pieter Tolsma mei Ewald Seepma. Aardich detail wie dat Mark Jan en Ewald beide foar it earst yn de A-klasse meidienen en net ûnfertsjinstlik.
It waard in moaie partij, wêrby't de earsten om en om nei de beide partoeren gienen. De temperamintfolle Evert Pieter en Ewald liken de bêste papieren te hawwen nei in 4-3 foarsprong, mar it wie samar 4-4 en doe stoomden Kevin Jordi (sterk keatsend) en Mark Jan samar troch nei de winst: 5-4 6-4. Op dy stân sloech Kevin Jordi de keats foarby.

1. Kevin Jordi Hiemstra (Stiens) en Mark Jan IJkema (Seisbierrum)
2. Evert Pieter Tolsma (Winsum) en Ewald Seepma (Easternijtsjerk)

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers