contact zoeken wedstrijden

Senioren Door elkaar loten Combi Junioren/senioren

26 juli 2008 10:00
Goenga
Categorie Heren 2e klasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Houtsma, D.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Krekt as yn 2007 stie Frederik van der Meij yn Goaiïngea yn de finale. Doe mei in frije formaasjepartij, no wie it troch-inoar-lotsjen. Doe waard it de 2e priis, no de 1e. En mei rjocht, want dizze achterynse wie sawol yn it perk as oan de opslach sterk. Op papier wie dit partoer al lichtelik favoryt, mar it moat fansels altiid noch mar.
13 partoeren junioaren en senioaren, wêrfan 1 partoer mei 1 man. It wie de hiele dei in moaie en o sa waarme keatserij, sportyf en oangenaam om nei te sjen. Foaral de iene heale-finalepartij wie in lust foar it each: Hillebrand Visser, Frederik van der Meij en Hyltje Bosma gienen hast it skip yn tsjin Marten Faber, Pytrik Hiemstra en animator fan it partoer Bouwe de Bruin. Perkbrekker Hillebrand Visser wie prima op dreef en dat seach Bouwe de Bruin ek wol. Hiel taktysk laste hy op 4-4 2-2, nei in sitbal van Visser, in drinkpauze yn en it folgjende earst wie samar foar Faber c.s. Lykwols, Visser c.s. herstelden knap en makken it fertsjinne út op 5-5 6-2.

De oare heale-finalepartij waard wûn troch Steven de Bruin, Redmer Strikwerda en Niels van der Wal. Tsjin Julius de Jong, Hielke Miedema en Jan Brandt Wiersma waard it 5-3 6-2. De lêsten wienen dúdlik útkeatst.

Dan de finale. Hillebrand Visser, foarich jier noch 3e yn Goaiïingea, naam syn maten troch syn prima opslach - de hiele dei 'luchtkastelen' - op nei de einoerwinning. It perk Van der Meij-Bosma spile fansels ek net swak by! Yn in sucht wie it 4-0.

Yn lichte oplibbing fan De Bruin c.s. makke 4-1. It folgjende earst gie op 6-6 nei Visser c.s. troch in djoere bûtenslach fan de oars bêst aktearjende Redmer Stikwerda. Yn it lêste earst wie makke Visser de partij yn styl út mei in sublime sitbal op 5-1 6-2.


De útslach:
1. Hillebrand Visser (Skettens), Frederik van de Meij (Berltsum) en Hyltje Bosma (Makkum)
2. Steven de Bruin (Tsjummearum) Redmer Strikwerda (Wommels) en Niels van der Wal (Weidum)
3. Marten Faber (Easterein), Pytrik Hiemstra (Easterein) en Bouwe de Bruin (Mantgum)
3. Julius de Jong (Ie), Hielke Miedema (Menaam) en Jan Brandt Wiersma (Grou)

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers