contact zoeken wedstrijden

Jong Feinten Junioren Jong Feinten

23 juli 2008 11:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Jong Feinte
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Houtsma, D.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Holwert wint 4e Jong-Feinte
Holwert begjint geweldich oan de finale! Hja nimme in foarsprong fan 0-3. 6-6, buten Gert-Jan, 0-1:4-6, sitbal Gert Anne, 0-2:4-6, sitbal Gert Anne. Wytmarsum feroaret de opstelling troch Jacob yn it perk te setten en Klaas as balkearder, tûk yn it tuskenspul. Dizze taktyk holp, want hja kamen werom nei 3-3 en sel sop 4-3 as Gert Jan de bal yn de beammen boppe slacht op 6-6. Op 4-3:0-6 is it Gert Anne die boppe slacht en de stand is wer lyk Op 4-4:4-6 falt de bal krekt binnen de linen út de opslach fan Gert Anne, wylst Jacob it oars seach (foar safier dat koe). It folgende earst komt Holwert efter mei 4-0, mar nei twa opslagfouten fan Gert Jan wurdt it 4-4. Op 4-5:4-6 leit der yn lytse keats. Dit kear slacht Gert Anne skeef op en pleatst in geweldige sitbal en dermei wint Holwert de Jong-Feinte. Gert Anne van der Bos, Rudolf Soepboer en Jacob Soepboer binne de terjochte winners. Coach Erik Seerden is tige wiis mei dizze unike priis. De Sulveren Leest giet foar in jier nei Holwert ta!
1 Wytmarsum - 16 Holwert 4-5:4-6

Letter mear op www.kfeasterein.nl en fansels allegear foto’s!


Finale Jong-Feinte
De finalisten binne bekend. Wytmarsum en Holwert steane yn de finale fan de 4e edysje fan de Jong-Feinte. Wytmarsum hat de Jong-Feinte yn 2005 en 2006 wûn en Holwert hie ferline jier in 3e priis. We binne benijd!
1 Wytmarsum - 16 Holwert

Ferslach heale finale Jong-Feinte
Wytmarsum en Dronryp stienen op 4-2 doe Klaas de Vries, die best stiet te keatsen, earst in sitbal slacht en een slach letter de bal keart foar de keats troch werom yn it perk te slaan. Gert Jan slacht fliegend strak út en Johan Diertens wol de bal keare mar lit hime fleane oer de boppe, 5-2. Op 6-4 in meter keats die Dronryp foarby moat. Jelmer sil de bal foarby ‘tikke’ mar Klaas keart en Wytmarsum foar de 3e kear yn de finale fan de Jong-Feinte.
Holwert en Wommels keatse ek dreech en yn it lêste earst jout de opslach fan Gert Anne de trochslach. Op 5-2:6-2 siket hy Redmer foaryn op en die kriget de bal net út it perk. Holwert foar it earst yn de finale! Wommels hat foar de twadde kear priis en Dronryp is in nije priiswinner op de Jong-Feinte.
21 Dronryp - 1 Wytmarsum 2-5:6-4
5 Wommels - 16 Holwert 2-5:2-6


Ferslach 3e omloop Jong-Feinte
Berltsum nimt brutaelwei in 4-1 foarsprong. Op dat stuit giet Jacob bûten perk en komt Klaas der yn en slach ek op. Hja komme werom nei 4-4 en op die stân en 6-6 slacht Frederik de bal krekt bûten, 4-5.
Dan komt Berltsum knap op in 6-0 foarsprong, mar Wytmarsum lûkt dat rjocht en op 6-6 slacht Frederik op, djip efteryn, mar Gert Jan wit de bal oer Frederik boppe te slaan.

Wommels keats hiel degelijk nei de heale finale troch Goaiïngea dat net minder keatste, mei 5-1:6-6 te ferslaan. Opmerklik wie noch dat Sietse foar oanfang fan de partij in blaue kaart krige fan Joostema foar te let op fjild kommen. Sietse sei nei de partij dat hja noch mar krekt sieten en koart pauze hienen. Hawar, mar efkes mei Joostema prate dan.
Erik makket de partij út mei in prachtige boppeslach.

Holwert en Wjelsryp meitsje der in moaie partij fan. Hja fermeitsje it publyk net allinnich mei it keatsen mar ek mei it útdagen fan inoar mei ropperij! As Rudolf de opslach fan Jelmer fier boppe slacht raast hy sa lûd dat se him yn Holwert heare kinne...Op 5-3:6-6 slacht Gert Anne in strakke bal efteryn op Jurjen Die de bal wol rekket mar fier kwea slacht.
Sa stiet Holwert lykas ferline jier wer yn de heale finale.

26 Berltsum - 1 Wytmarsum 4-5:6-6
5 Wommels - 12 Goeiïngea 5-1:6-6
16 Holwert - 18 Wjelsryp 5-3:6-6
21 Dronryp

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers