contact zoeken wedstrijden

Jong Feinten Junioren Jong Feinte

25 juli 2007 11:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Jong Feinte
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Kooistra, A.B.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Jong-Feintedei 2007

Easterein. 25 july 2007 hat keatsferiening Easterein de 3e edysje fan de Jong-Feintepartij organisearre. It jier fan de wierheid skreaun foarsitter Dijkstra yn syn foarwurd. Soe de Jong-Feinte nei dizze trije edysjes bewiis levere ha foar it fuortbestean? Eltsenien hat der betrouwen yn en sjoen de partij fan hjoed, wêrby út alle hoeken positive lûden kamen oer de Jong-Feinte en de organisaasje, moat sa sa wêze.

Fjouwer nije ôfdielingen gienen hjoed mei in Jong-Feintepriis nei hûs. Holwert-Makkum. Hja komme 3-5 efter en op 4-6 is de keats net foarby. Hijum-Feinsum-St Jacob giet oante mei 3-3 lyk op. Dan pakt St Jacob twa ‘skjinne’ earsten. Hijum-Feinsum docht dat mei 6-2 en komt op 4-5. Op 6-4 slacht Martijn bûten, mar dan in prachtige sitbal, 5-5. Mei twa boppeslaggen fan St Jacob en in keats foarby wurd it 0-6. De lêste bal wurd spitich troch Martijn bûten slein.

Nei in 1-2 efterstân komt Makkum mei 4-2 foar. De enerzjy wer St Jacob alle omlopen mei keatst hie wie der in bytsje út. It wurd 4-3 as Makkum de keats net foarby slacht. Dernei in skjin earst foar Makkum giet. Nei 1 bûten fan Albert, in boppeslach fan Hyltje en 1 bûnte fan Martij is it 6-0. Op 6-4 slacht Renze Pieter bûten en alle kopkes sakje. In boppeslach fan Lennart, bûtenslach fan Renze Pieter en 2 keatsen. De earste keats net foarby, 5-3:6-0 en dan slacht Lennart en bal heech efter yn. Renze Pieter krijt de bal út mar net foarby de keats. Makkum de tredde edysje fan de Jong-Feinte en St.Jacob wint de 2e priis.

1e priis MAKKUM Hendrik Jan vd Velde, Lennart Adema, Hyltje Bosma
Wikselpriis de “Sulveren Leest”
2e priis ST. JACOB Albert Leeuwen, Martijn Hiemstra, Renze Pieter Hiemstra
3e priis HIJUM-FEINSUM Martijn Olijnsma, Helmer Hofman, Gerrit Steegstra
3e priis HOLWERT Gert-Anne vd Bos, Rudolf Soepboer, Hedzer Wiersma

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers